Beabuorster monologen

0
979
beabumono

Hjirûnder in fragmint ut de Beabourster Monologen fan Jouke Hylkema.

Poes is krekt thúskaam
Witst wol dat ús poes op skoalle siet?
Yn Tsjerkwert no Hyke?
Hy rint op’e weromreis by de Trekfeart lâns
By it boskje by Volbeda springt er oer de feart
Troch it lân fan Dykstra komt er dan werom
Komt er oer it brechje tippljen
Ja no Hyke, hy kin sa deftich rinne no?

Dat wolst net leauwe hin?
Hy lést jûns ek wol de krante troch
Wy koene it earst ek net leauwe no Hyke?
Dy kat wit mear as ús trijen.

————————————————————-

Der stie juster safolle wyn
De mûne gisele der oer
Hast it by jim thús al heard fan postrinder Jehannes?
Hy waard mei fyts en al de loft yn slingere
Kinst him net?
Hy komt út Boalsert
De fyts lei hielendal by Iedema yn it lân
Der wie neat oer fan dy fyts
Dûbeld klapt as wie it blik!
De fytstassen dreauwen yn de opfeart
Ik hie noch sein, set de fyts mar tsjin it stekje oan!
No dat hat er witten
Dat er der sa goed foar wei kaam is no Hyke?

Hy hat hjir droege klean fan my oankrigen
Hy hat hjir ek noch in pear hân no Hyke?
Wy hawwe de brieven by de kachel droege
Der moasten ek nije postsegels op
It is no Jehannes ‘luchtpost’
Is it net sa Hyke?
Kinst my ek noch ien ynskinke
Wolst ek noch in gleske limonade jong?

LAAT EEN REACTIE ACHTER