HomeBedrijvenTrûbadoer Jan Nota

Trûbadoer Jan Nota

Jan Nota is alwer goed tsien jier ûnderweis as trûbadoer en hat yn dy jieren al in aardige namme opboud. De lêste jieren ek steeds mear mei eigen wurk. Jan syn eigen lietsjes hawwe te krijen mei hjoeddeistige saken as oergewicht, âlderdom, emigrearende eskimo’s, Skarrelwiet, Ugli’s en neam it mar op. Jan Makket hjirby gebrûk fan ferskate ynstruminten. Hjirnêst spylet Jan ek muzyk fan de jieren ’60 oant no yn it Ingelsk, Nederlâns, Iersk en Frysk.

Nijsgjirrich? Sykje dan op youtube nei Jan Nota of sjoch op www.jannota.nl

X