Feike Jorritsma

0
1354
NR074 Feike Jorritsma

Feike Jorritsma 40 jier mei de bôlekoer op stap. Yn Tsjerkwert en omkriten in bekende persoanlikheid

Út Bn fan 14-1-1966. (It is 50 jier lyn dat dit stikje yn de Boalserter Krante stien hat.)

De kachel lekker waarm, de sinne op e ruten, de frou efkes fan hûs en joech Feike Jorritsma te Tsjerkwert him yn de kosterswente, oanboud oan de Grifformearde tsjerke, efkes lekker langút yn e stoel del yn in swiete dream. It koe no, nei foech,  fjirtich jier swalkje, mei  de bôlekoer. As men 72 jier is en lins krige hat, werom sil men it dêr middeis nei iten dan net efkes fan  nimme?.

Noch mar krekt hie Jorritsma it fel oer de eagen of dêr wie de kranteman  by de doar. Wy hiene der de reis om makke en ek al griisde it ús oan, dochs rôpen wy mar fan ,,folk yn?  It wie ús nammers al oanbrocht, dat  Feike Jorritsma altyd réwillich wie en  nea klage. Fjirtich jier by ienselde bakkersbedriuw en dan nea in klant berabje en noch nea oer it waar klage, dat mocht wol yn e krante, hie men yn Tsjerkwert fan mear as ien kant ornearre.

NR280geref kerk
De Gereformeerde kerk.

No, hawar, der wiene wy dan. Al gau sit  Feike Jorritsma  op de  praatstoel. It giet fansels earst oer it begjin 40 jier lyn. Jorritsma wie áld- Tsjerkwerter, mar kaam letter yn Den Helder te lâne, dêr’t er ek in jier of  fjouwer wenne hat. Dochs loek it hert wer nei Tsjerkwert. It wie yn de minne  jierren en hy siet yn it losse wurk. Sadwaande waard hy koster by de lytse tsjerke. Lyts yn dûbelde sin, want de  Grifformearden ha  yn Tsjerkwert  en  omkriten nea sa machtich west.  Sadwaande hie hy oan it kosterjen gjin deiwurk en moast der wat by foun  wurde.  Dat waard dan it bolkoerrinnen foar bakker  G.  R. de Jong, doe  noch in  gewoane doarpsbakker. Yn de rin fan  (10 jierren  hat dy bakkerij  gâns in flecht nommen.

NR074 Feike Jorritsma
Feike Jorritsma mei de fyts foar de bakkerij.

Jorritsma hat dat allegearre meimakke, ek al bemuoide hy him net mei de bakkerij, dy’ letter oergyng oan   de hear R. G. de Jong en no sûnt koart wer oan in G. R. de Jong, de tredde staach.  Sûnt wie de bakkerij al útwoeksen ta in beskútfabryk en wurdt der de lêste tiid gâns bakt foar kâlde bakkers, it is in doarpsyndustry wurden, dy’t  yn Tsjerkwert en Wûnseradiel meitelt, mar der sille wy it no net oer hawwe.  Ek yn de bôlekoer sels diene him yn dy fjirtich jier gâns feroaringen foar. Earst waard der gâns brea iten, safolle, dat dit net yn de bôlekoer koe,  mar de baas sels der mei de blaupûde by lâns gyng. Folle fariaasje yn it  bôleguod wie der doe noch net. It wie ien makkelij en krinte- en sûkerbôle, no sneins (en soms ek al deis) suver by elk op de tafel wie doe in pree. Allinne sa   winterdeis mei Sinteklaas en Krysttiid kamen der sjerpbô1tsje by.

Ek waarden foarhinne wol hurdbakjes makke. De brune bôle (,,tarwe, sizze se ek al yn FryskFrysk Tsjerkwert) is mear fan letter tiid. Earst hie Jorritsma de kuorren oan it jûk, doe oer’t skouder en letter foar en efter op ‘e fyts. Oan in brommer is hy nea takommen.

NR283 feike Jorritsma
Feike Jorritsma met kleinzoon Feike van Douwe en Corrie. Rechts staat een dochter van Jorrit Feike’s Jorritsma.

Behalve de buorren, wiene der de  útbuorrens: Iemswâlde, Beabuorren, Rytsjeterp. It falt net sa maklik út te rekkenjen hoefolle km Jorritsma wol net roun en fytst hat. Wy kamen rûchwei op san 100.000, dat is twa en in heal slach om de ierde. Hoefolle bôlen der de koer út gien binne is likemin te sizzen. As jo dy ris op in rige leine, wie it gâns in ein. Twa kear hat Jorritsma yn de 40 jier efkes lins han, dat wie yn de oarlochsjierren en doet er doe’t er mei de frou in reis nei Kanada makke hat nei ien fan de bern. Folle bjusterbaarlike dingen hat er net belibbe.

In blaupanne oan de muorre, noch mei de âld flapbrêge der op, hâldt it oantinken wekker oan syn 25-jierig jubileum. Yn al dy 40 jierren hat er mar ienkear yn de sleat lein, mar… de bôlen bleauwen droech. Wy leauwe dat dit Jorritsma wol ta de fuotten út tekenet: hy kaem yn foarste plak op foar de saak en we in betrouwensman trije  generaasjes bakker de Jong, in man dy’t in minskelibben lang trou en warich en mei gâns plichtsbetrachting syn Wurk dien hat.

NR280B Jorritsma 40j
Feike Jorritsma, en Jeltje Johanna Kers, 40 jaar getrouwd. in de deur van de geref. Kerk te Tjerkwerd. zij waren daar koster en kosteres. Links staat Rinze de Jong, en rechts, Annie of Jellie Rinze’s de Jong. Jongentje Michien Feike van Douwe en Corrie Jorritsma.

Né, dat seit Jorritsma net fan him sels, dat seit it doarp, dat sizze syn wurkjouwers
En dêrom hat Feike .Jorritsma noch ienkear de kuorren op é fyts set, om ta ôfskie dit printsje meitsje te litten. Hy hat hjitte meimakke en kjeld snie en iis, rein en hurde wyn, glêdens en heech  wetter,   mar   lyk  as boppe sein, oer it waar klage hy nea.
As de bakkerinne it dy kant alris út stjûrde: ,,Wat is it wer min, Feike net” dan sei ús bô1koerriner: ,,Ik leau it ljochtet al wat op.” Wy winskje Jorritsma en frou mei dit selde  optimisme  in  lokkige  libbens joentiid.

1748 Feike Jorritsma (M)
* 31-12-1893 te Tjerkwerd 1
† 24-09-1971 te Bolsward

1747 Jeltje Johanna Kers (V)
* 26-04-1893 te Deventer
† 26-08-1991 te Bolsward

gehuwd op 19-05-1918 te Won.dl. ?

Kinderen:

569 Akke Jorritsma (V)
3889 Baukje Jorritsma (V)
852 Jorrit Jorritsma (M)
5155 Egbert Jorritsma (M)
1749 Douwe Jorritsma (M)

NB Feike Jorritsma hie neist it bôlekoerrinen en it kosterjen noch in branje en oaljehannel. De swartebranje die er al earder oan ‘e  kant. De oaljehannel is letter troch syn soan Douwe Jorritsma oernaam. Douwe Jorritsma wenne tsjinoer de Kosterswente. Ik wit noch dat de oaljefetten neist de Tsjerke stienen. Douwe Jorritsma die letter ek in gasflessen. fm.

LAAT EEN REACTIE ACHTER