Gerben D. Wijnja skriuwt boek oer ûnderfiningen mei harsentumor

0
922
Overhandiging-eerste-exemplaar-Leven-met-een-hersentumor-foto-Mirthe-Hofstee-St.-STOPhersentumoren-2-439x480.jpg

Moandei 26 oktober is de ôftraap fan de ynternasjonale harsentumorwike. Dy hat plak op it sympoasium fan de stifting STOPhersentumoren.nl. Foarôfgeand oan dy wike hat Gerben D. Wijnja in boek presintearre oer de befiningen dy’t syn húshâlding opdien hat mei de sykte fan harren soan Jelmer.

Acht jier lang is der striden foar Jelmer syn libben. Dat wie in drege tiid. Wijnja, dy’t wol mear boeken skreaun hie, waard troch ferskate medisy frege om alle ûnderfiningen by te hâlden om dy te brûken foar in boek. Dat hat er tige krekt útfierd. Deiboeken, ferslaggen, e-mails en it medyske dossier waarden rieplachte om it ferslach sa goed mooglik wer te jaan. De skriuwer hat der in jier oer dien om it ferhaal rûn te krijen.

It resultaat is in 454 siden tsjok boek dêr’t Wijnja alles wat hja belibbe hawwe beskriuwt: wat der mei Jelmer barde, wat yn harren omgong en wat de gefolgen wiene. De medyske flaters krije ek omtinken, want it boek wol tagelyk in warskôging wêze oan it adres fan de medisy en dejingen dy’t dêr mei te krijen hawwe. It iene fersin gie wol fierder as it oare. It late soms ta libbensgefaar en it hat in protte jild koste.

De striid wie in ûngelikense; dy wie net te winnen, mar Jelmer wie mei syn kwaal wol in gefal apart. Dat komt yn it boek ek oan ’e oarder. Syn krupsje, mei in tumor yn graad 4, jout amper kâns fan oerlibjen. Tweintich persint hellet de twa jier en trije op ’e tûzen de fiif jier. Jierliks wurde sa’n 1500 minsken troffen troch dy foarm fan kanker en alle dagen komme der fjouwer minsken mei te ferstjerren.

It earste eksimplaar waard woansdei 14 oktober presintearre op it sirkwy fan Zandvoort. It wie it plak dêr’t Jelmer, troch syn hobby, graach tahold. De pakesizzers fan de skriuwer, Thijs en Amarins Groeneveld út Makkum, hawwe it jûn oan de foarsitter fan de stifting STOPhersentumoren.nl, Klaske Hofstee. Rjochts op de foto sjocht skriuwer Gerben D. Wijnja ta. Thijs wie yn syn earste libbensjier syn grutte stipe en joech krêft oan Jelmer syn lêste libbensjier.

De stifting STOPhersentumoren.nl docht der alles oan om jild byinoar te skraabjen foar ûndersyk dat tige nedich is. Hoe faak hat Wijnja net te hearren krigen, as se mei de soan wer by in spesjalist wiene, dat se der noch fierstente min fan witte en dat der jild komme moat om ûndersyk mooglik te meitsjen, ûndersyk dat helpe kin om ynsjoch te krijen yn in effektive oanpak fan sokke tumoaren.

Om’t der te min minsken binne mei sa’n sjochtme, as ferlike mei oare foarmen fan kanker, wurdt gjin subsydzje jûn foar ûndersyk, wylst dat o sa nedich is. De hjirboppe neamde getallen wiene dan ek de reden om de stifting op te rjochtsjen en yn aksje te kommen.

Partikulieren wisten it ôfrûne jier mar leafst € 800.000,- yn te sammeljen om ûndersykprojekten te starten. Moandei 26 oktober wurdt oan alve kânsrike projekten it jild beskikber steld. It boek fan Wijnja is in trêftich foarbyld fan partikulier inisjatyf om jild te generearjen foar it goede doel. De folsleine opbringst fan syn boek giet nammentlik nei de stifting STOPhersentumoren.nl.

Yn deiboekfoarm wurde de acht jierren beskreaun. Wijnja hat in linige hân fan skriuwen, sadat it ferhaal, dat mei foto’s illustrearre is, him lêze lit as in roman. Hoewol’t yn ’t foar al bekend is dat it ferhaal net goed ôfrint, hâldt it de lêzer folslein yn ’e besnijing. Lotgenoaten en medisy sille der in protte oan hawwe. Mar ek foar oare minsken dy’t yn it ûnderwerp ynteressearre binne, is it boek in oanrieder.

‘Leven met een hersentumer’ (it boek is yn it Nederlânsk skreaun, mei út en troch wat Frysk yn de direkte rede) is in partikuliere útjefte yn gearwurking mei de stifting STOPhersentumoren.nl. It kin besteld wurde by de skriuwer: sjoch hjirre. De priis is € 22,95. Dêr komme de ferstjoerkosten noch oerhinne.

ferhaal fan: it nijs.frl Nanne Hoekstra
foto fan: Mirthe Hofstee

It artikel: http://www.itnijs.frl/2015/10/tsjerkwerter-skriuwt-boek-oer-underfinings-mei-harsentumor/

LAAT EEN REACTIE ACHTER