Hurdriderij yn Tsjerkwert 2

0
1036
ijsbaan 2010 02

Kening Winter is dit jier betiid sadat iisklup Tsjerkwert freedtejûn 2 desimber al in wedstriid foar grutten útskriuwe koe. Middeis is der noch hurd wurke om jûns alles goed foarmekoar te krijen. In tintsje opsette, muzykynstallaasje pleatse, de baan hielendal oppoetse. It waar wie moai en de iisbaan lei der prachtich by. De wedstriidlieders en starters wienen der ek hielendal klear foar. Bertus hie der spesjaal in nije mûtse foar opsetten.

wedstriid 2010 02

Dêr lei it allegear net oan. Miskien kaam it dat Sinteklaas der hast wie en dêrom wat minder dielnimmers op’e baan stienen. Dat docht der ek net ta, de striid wie der net minder om.

ijsbaan 2010 01

De earsten dy’t starten wienen de jonges en famkes o/m 15 jier. Omdat Kim Boomkamp as iennichste famke yn har kategory wie, is sy by de jonges pleatst. Sy moatst it direkt opnimme tsjin Roel Hekkema. Dit wûn Roel. Robin Bijlsma moatst tsjin Klaas-Jan en dit wûn Klaas-Jan Haytema. Thomas wûn it fan Sven Bijlsma. De striid tusken Klaas-Jan en Roel wie tige spannend. Sy moasten 3 kear tsjin elkoar ride. Roel wûn dit en moast tsjin Thomas Huitema yn’e finale. De finale waard troch Roel wûn. De útslach: 1e Roel Hekkema, 2e Thomas Huitema en 3e Klaas Jan Haytema. Trochdat de dielname yn bepaalde kategoryen net sa grut wie waarden der nei ien rit mei in oare kategory starten. Hjirtroch koene de dielnimmers wat mear bekomme. Foar de starters kaam dit wol mear op’e holle oan.

ijsbaan 2010 02

Bij de froulju van 16 o/m 19 jier wienen der twa dielnimmers. Jacobien Postma en Freerkje Walsma gienen de striid mei elkoar oan. Hjir kaam Jacobien as beste út de striid. Útslach : 1e Jacobien Postma en 2e Freerkje Walsma.

ijsbaan 2010 03

By de froulju fanôf 30 jier wienen der ek mar 2 dielnimmers. Thea Zijsling en Hotske Burghgraef. Thea wûn foar de 3e kear de beker. Yn 2000, 2002 en no ek yn 2010. Hiel goed. Útslach: 1e Thea Zijsling en 2e Hotske Burghgraef.

By de manlju fan 16 o/m 34 jier wienen de measte dielnimmers nl. 8. De finale gie tusken Auke Walsma en Okke Jan Postma. Dizze wie tige spannend. De earste rit waard troch Okke Jan wûn en de twadde rit troch Auke. Dus no moasten de mannen noch in kear oan’e bak. Uteinlik wûn Auke de 3e rit en waard earste. Utslach: 1e Auke Walsma, 2e Okke Jan Postma en 3e Jan Witteveen.

ijsbaan 2010 04

By de manlju fan 35 o/m 49 jier stienen 6 dielnimmers op de list. De earste rit gie tusken Jan Postma en Yde Schakel. Hjir kaam Jan beide kearen as earste oer de streep. Hjirnei stienen Sjoerd B. Bouma en Klaas Boersma oan’e start. Sjoerd stie der moai op mei syn houtsjes en Fryske breiden trui. Miskien dat syn houtsjes noch net goed slype wienen. We witte it net, mar hy ferlear it fan Klaas. Thomas Burghgraef naam it op tsjin Eric Bijlsma en wûn dizze striid. Jan Postma wûn it fan Klaas Boersma en sa stiene Thomas en Jan tsjin elkoar yn’e finale. Thomas moast belies jaan en Jan gie mei de beker nei hûs. Útslach: 1e JanPostma, 2e Thomas Burghgraef en 3e Klaas Boersma.

Foar de kategory 50+ hienen 3 dielnimmers harren opjûn, nl. Dominicus Kuipers út Greonterp, Ids Schukken en Jelle Zijsling. Sy ha pûltsje riden. Jelle Zijsling kaam hjir as beste út ‘e striid. Utslach: 1e Jelle Zijsling, 2e Dominicus Kuipers en 3e IdsSchukken.

ijsbaan 2010 05

Yn’t Waltahûs waarden de prizen troch de foarsitter, Wiebren de Jong, útrikke. Hjirnei waard der noch gesellich neisitten yn’t Walthûs.

ijsbaan 2010 06

ijsbaan 2010 07

Iisklup Tsjerkwert

LAAT EEN REACTIE ACHTER
DELEN
Vorig artikelIJsbaan
Volgend artikelPrikslydzje 2010