Jeu de Pelote 13 juny

0
213
Jeu de pelote 201_1.jpg

Dit jier is der wer it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens. Dizze 20e edyzje fynt plak ferdield oer tsien jûnen fan 11 oant 22 juny. Ek Tsjerkwert docht wer mei en wol op woansdei te jûn 13 juny om 19.30 oere. Tsjerkwert spilet dan tsjin de peloters fan Wiuwert/Britswert. Ôfhinklik fan ‘e útslach is der kâns dat Tsjerkwert fjirder komt yn it klassemint en op ien fan de oare jûnen wer oan de bak mei. Jo binne fan herte wolkom it gehiel te oanskôgjen! It hiele wedstriidskema fine jo hjirûnder yn de .pdf.

Wedstrijden Jeu de Pelote 2018
LAAT EEN REACTIE ACHTER