Juf Annie Huisman

0
810
A HeldoornHuisman

In de Bolswarder krant van 26-2-1964 stond een verhaal van mevrouw A Heldoorn-Huisman. Zij was onderwijzeres aan de openbare school in Tjerkwerd in 1911. Hieronder haalt ze herinneringen op aan de tijd in Tjerkwerd.

A HeldoornHuisman
Omstreeks 1910 lieten de leerkrachten van de Openbare School aan de Witherenstraat te Bolsward zich ,vereeuwigen. Deze school ,de armenschool was één van de twee openbare scholen, die Bolsward rijk was. De andere school was te vinden in de Kerkstraat en werd de ,Tussenschool’ genoemd.

It wie yn 1911, dat ik as tydlik ûnderwizeres beneamd waard te Tsjerkwert. Ik wie slagge de 5e maaie 1911, en it wie dus myn earste betrekking. De skoalle wie ôfbaarnd en wy moasten ús behelpe mei ien great lokaal foar seis klassen. It haad fan’e skoalle wie in goed kunde fan my. Wy hiene tegearre ús oplieding han by de hear Sutherland Royaards foar fak j, ofte wol in bytsje spotsk ,,de huppelakte.’’ It wie dus by’ t winter, dat ik dêr hinne gong. En dy winters frear it, dat it klapte. It wie net noflik as ik moarns op e fyts op Tsjerkwert ta sette. Fan Boalsert of wie it mar in lyts eintsje, mar ik haw it wol han, dat ik op ‘e brêge, deun by it skoalle lokaal de fyts net mear fêst hâlde koe, sa prikelen my de fingerseinen.

Op san kâlde middei kaem ús mem op Tsjerkwert ta setten, om my te sizzen, dat ik utersté net mear hinne en wer fytse mocht. Heit hy my dyselde moarns ta de brêge brocht, en doet dy hús komd wie, wie hy yn e keamer. By de kachel befangen fan e waarmte. Dea benaud, dat my soks ek oerkomme koe, mocht ik perfoarst net mear hin en wer reizgje. Sa barde it, dat ik yn e kost kaem by de âlden fan Tjaike v. Goslinga. Oerdei wie ik by famylje fan v, Gosliga, mar om ‘t it haad fan e skoalle, de hear O. De Boer fan Hichtum dêr yn ‘e kost wie, hiene dy gjin sliepplak mear foar my. Sa kaem it, dat ik eigentlik twa kosthuzen hie.

De heit fan Tsja1ke v. Goslinga hjitte fan Pier. Omt er sa lang wie, waard er faak greate Píer neamd. Tjalke wie doe noch sa’n jonge fan in jier as tsien, krekt wit ik it net, mar hy hat no al pensjoen en wennet yn Oranjewâld flat in it Hearenfean. Ik ha in moaie tiid dêr hân yn beide kosthuzen. De hear v. Gosliga wie sekretaris fan e wetterskippen. Hy wie in knap hurdrider. Meis yn lange skonken wie hy sa mar in ein fuort.

Om’t it noch al wat frear, lei dêr in moai stik iis yn’ e Warkumer feart, en soe der in hurdriderij fan leden mei froulju hâlden wurde. V. Gosliga sei: ‘Ik jow jo ek oan, mar it is trochinoar lotsjen en dan moatte wy mar ris sjen hoe’t it útpakt. No koe ik wol aardich ride, mar hurdriderijen hie ik my nea mei,ophâlden. Ik hope dus mar, dat ik in goeie rider treffe soe. De lytse brêgewachter (lytse Pier) wie ek in tûke rider, en dy hie san stille hope, dat ik by him lotsje soe. Mar it pakte hiel ,oars út. Ik trof it sa, dat ik lotte efter baas timmerman, ik wit de namme net sa krekt mear, mar ik leau, dat er fan Posthumus hjitte. No, hy wie net sa jong mear, mar neffens sizzen wie ik in goeie rider. Allinne, en dat trof ik min, hy lei mei de lofter hân op. Lofts oplizze handige my net al te bêst, foaral as men sels rjochts oanlein is. It wie spitich, wy hawwe ús best dien, mar nei in pear of wat riden, moasten wy belies jaan.

Lykwols hiene wy in moaie middei en in gesellige joen by de priisútdieling yn’e doarpsherberch. Op in doarp is men mear mei-inoar as yn e stêd, en dat komt by sokke gelegenheden mear nei foaren.

No kom ik op de namme fan Keimpe Feenstra. Hy sil doe yn e earste klasse sitten hawwe, doet ik dêr as tydlik ûnderwizeres stie. Ik haw al sein, dat it tige frear en soms fûleindige kâld wie. It wie dan ek gjin wûnder, dat men ferkâlden wie en hoastje moast. Ik hie der noch al wat hinder fan yn skoalle. Ik hie trije klassen, en dan moat men mear prate, as wannear’ t men ien klasse hat. Ik hie dan ek noch al wat lêst fan it hoastjen en stiek sa no en dan ris in, dropke ýn e mûle. Op in kear waard ik oan e mouwe lutsen, en op myn fraach wat der wie, krige ik as andert: ,,Mei ik ek san piltsje ha, ,juf? Ik moat sa hoastje. Keimpe krige fansels it dropke, mar der waard by sein, dat er no ek net mear hoastje mocht. Ik leau, dat Keimpe no yn Rotterdam wennet, en ek al mei pensjoen is, mar as hy de Boalserter krante lêst, en dat sil hast wol, miskien dat hy it him dat ek noch te binnen bringe kin. Middeis as de bern frij hiene om te riden, gyngen master en ik wol ris even op redens nei uzes ta om in kopke thé. Fan Tsjerkwert ôf nei Boalsert wié mar in hoannestap, en it wie wol even gesellich oer it Krúswetter te riden, mei al dy riders, en dan noch by de diskes lâns ride mei hite molke en kâlde koek. Wy wennen hoek-kade Lyts-lân dêr’t no v.d. Weide, de blomker wennet. Yn de iene keamer hiene wy it útsjoch op it Krúswetter, mei al syn gewrimel en drokte, en yn e oare keamer seagen wy út op e helling fan Rienis de Boer, dêr’t wy oer in lyts brechje komme koene. Dit is no allegearre hiel oars as doe.

Doe’t it teiwaar wie haw se dy winters ek noch de â1vestèddetocht riden. It wie gewoan gjin gesicht, de measten slierken foar Boalsert al troch it wetter, en doe hiene se noch in hiel ein foar de boech.

Yn desimber 1911 waard ik beneamd te Starum. Ik haw dêr in goed ier west en waard ek op 27 desimber 1912 beneamd te Boalsert myn berteplak. Sa kaem it ek, dat ik dêr de jierren fan de earste wrâldoarloch meimakke. Doe haw ik noch in kear mei Feenstra to krijen han, mar dat wie mei Keimpe syn heit, dy’t yn Tsjerkwert polysje wie. Sa’t elkenien wol wit, wie it yn dy jierren fan 1914 oant 1918 gjin fetpot. En de ,,eenheidsworst’’ wie fansels tige wolkom.

mar men woe ek wol ris hat oars yn it fleispantsje hawwe. No hiene wy oer ús slachter net te kleien! Hy soarge wol dat wy sa no en dan ris hat ekstras krigen, bûten de bonnen. Hy slachte dan yn e mande mei noch ien ûnder it brechje fan e feart dy ‘t by lâns it hûs fan dokter Beakhuis rint.

Mar ja, it bliuwt net altiten in geheim, en der stie fansels wol straffe op, en gjin ien hie der nocht oan yn e boete te of in straf te krijen. It wie wol net sa as yn e twadde wrâldoarloch: “Sie werden eingespert”, mar men woe dochs net graach yn e fûke rinne!

Sa kaem dan ek in kear de slachter by uzes en sei: ,,Ja. it muoit my, mar ik kin it net bringe, jimme moatte it sels mar helje yn Blauhûs, de bakker is mei alles op e hichte. No leit Blauhús fuort by Tsjerkwert, dat wie gjin biswier. Mar wa moast der op óf? Dat soe wol op my útdraaie. Ik wie net sa bang útfallen, en dat moast dan nei skoaltiid barre.

Sa kaem it dan dat ik op in middei op ‘e fyts nei Blauhûs der op òf gyng.
It waar wie net sa moai, en de loft drige, dat ik soe wol in bui krije. Efter op’ e fyts hie ik in reiden koer, sa at men dy doe wol hie,as men op reis earne hinne gyng. No, ik wie noch yn Tsjerkwert doet ik de earste drippen al fielde. Troch fytse, dan soe ik trochwiet wurde, dat ik moast wol skûlje. No wenne polysje Feenstra oan e dyk, en dêr soe myn skûlplak even wêze, oant de bui oer wie. Hy kaem my al yn e mjitte en sei: .,Wer moat juf hinne mei dit waar? Ik moast wol lige, want de wierheid doarst ik foar gjin noch safolle te sizzen.

Ik sei, dat ik immen fan e trein helje soe út Nijhuzum, de trein stoppe dêr doe noch. Mar de leagen loai der tsjûk op, want wa hellet no immen fan e trein en hat sels in koffer efter op e fyts? .

Doet wy der sa yn’e doar stiene te skûljen fytsten der noch e ris guon mei in koffer of tassen efter op’e fyts dy kant út fan Boalsert. Sa fytste Minne de Vries ús ek foarby, ek al mei in greate tas efter op e fyts. Ik wie foar my sels fan betinken, dat dy ek fan Blauhûs kamen. Feenstra sei harren gewoan goendei en hâlde gjin ien oan.

Soks wie my wol opfallen, mar ik hie genôch oan my sels,. en wie bliid, dat de bui oerdreau wie. Ik fûstke mei Feenstra ôf, en betanke him foar it skûljen, en fytste doe yn sân hasten nei Blauhûs, nei de bakker. It wie pùr bêst yn oader, der hie de slachter wol foar soarge. Mar men kin fan tinken wol hawwe, dat ik net wer oer Tsjerkwert gyng. Ik fytste oer Wolsum op Nijlannersyl oan nei Boalsert.

Wat wie ik bliid, dat ik de Snitserdyk te pakken hie, en fuort by hûs wie. Ik siet der wol wat oer yn, dat ik op it eintsje noch oanhâlden wurde soe. Alles forroun gelokkich goed, mar mem stie al op e wiuw. Se hie sa yn noed sitten en sei: .,Dit dogge wy noait wer. Doet ik letter tsjin ús slachter sei dat ik by Feenstra skùle hie, lake hy. Hy sei: .,Hie mar sein fan Eele!’ Sa sjocht men al wer, de polysje die yn dy dagen ek wol ris in eachje ticht. No ik moat earlik sizze de slachter die it nei allinne om in oar te skrewielen, mar om der sels ek wat better fan te wurden, mar hy hat ús noait by de poat nommen. Ik ha doe fuort en daliks in lyts pakje mei fleis fuortstjûrd oan myn âlde kostlju út Starum. Dy wennen doe yn Amsterdam en wiene mei it pakje ,,fruit’’ wakker op it skik.

Sa sjocht men dat in pear nammen yn’ e krante, hiel wat ,,út de âlde doaze’’, oproppe.

A.J Heldoorn-Huisman

It Hearrenfean.

Bolswarder Krant 26-2-1964 

LAAT EEN REACTIE ACHTER