Nij Laboratorium

0
50
Bonnema

Op de foto M. Bonnema yn ’t Laboratorium. Laboaratoarium foar molke-ûndersiik yn Tsjerkwert. Bonnema wie 33 jier kontroleur fan ,Us Bilang’. Dêr wappere yn Tsjerkwert in flagge… nij geboutsje. Dat wol lyts fan stik, mar dochs fan great bilang is foar de bifolking fan it doarp en foar de minsken yn’e omkriten: de molkcontrôle foriening ‘Ús Bilang’ hat namentlik in nij laboratorium sette litten op it plak dêr’t earder de iepenbiere skoalle stien hat.

De twadde deis yn in nije jier waerd dit geboutsje ofisjeel iepene. Foarôf waerd in gearkomste holden fan’e leden, kontroleurs, mûnsternimmers en útfierders. Troch in stroarmachtige waer wie mar in trêddepart fan it tal leden opteagjen kommen.

De foarsitter de hear E.Witteveen fan Beabuorren spriek in bisûnder wurd fan wolkom oan’e hear S. Wiersma fan Ljouwert, dy’t as lieder fan’e kursus foar molkkontroleurs de kontrôle op heger peil brocht en ek tige bydroegen hat ta it stân kommen fan it nije laboratorium.
De hear Wiersma wiisde op it greate bilang fan in goede molkkontrôle en lokwinske de forieniging mei dizze forbettering nammens it FRS en de Provinciale Melkcontroledienst.
De … é hear O.Postma fan Iemswâlde dy’t al 25 jier lid fan ‘e foriening is en dêrom … it foarrjocht hie foar’t earst de doar fan ’t slot to draeijen. De hear Wiersma joech doe in útiensetting fan … it laboratorium en de gong fan saken by in molke-ûndersiik.

Yn it fytshokje
Nei de offisjele iepening folge der noch in gesellige gearsit dêr’t de foarsitter tige waerdearjende … oan it adres fan ‘ehear M. Bonnema, dy ’t 33 jier kontroleur fan’e foariening west hie en nou it swierste wurk oan in jongere krêft, dy ’t syn earste oplieding by him hawn hat oerdraecht.De hear Bonnema wie yn in fytshokje bigoen …. molke ek wol op in sou … mar grif mei troch syn fakkundich wurk wie de foriening sa yn’ t ledental groeid, dat it mogelik wie sa’ n moai laboratorium to setten. De foarsitter hope dat de hear Bonnema ek noch what genot ha mocht fan it nije gebou en de nije inventaris en it swalkje oerlitte soe oan de jongere krêften. In wurd fan wolkom waerd sprutsen oan it adres fan’ e nije kontroleur de hear S.W. de Jong fan Boalsert. It âld-bestjûrslid de hear J.O.Postma helle noch oan, dat de foriening yn 1906 oprjochte is fan acht boeren mei in inventaris fan f250,00 Nou is it ledental 47. de hear Bonnema tanke foar de wurdjearjende wurden en de regeling dy’t de foariening troffen hat. De nije kontroleur de hear S.W. de Jong lei noch ‘ut hoe’t er syn wurk opfette en hwat er oan de hear Bonnema as syn ” earste baes’ to tanken hie. De foarsitter brocht tank oan ‘ e utfierders de oannimmer Conradi fan Blauhûs, de ferver G.Mulder fan Tsjerkwert en’e oanlizzen fan leidingen K.Schukken ek fan Tsjerkwert. De hear Schukken bea nammens de ‘utfierders in buraeu-lampe foar it laboratorium oan.

Leeuwarder Courant 03-01-1952

LAAT EEN REACTIE ACHTER