Rintje Visser

0
342
R Visser

Toen Rintsje Visser in militaire dienst was in Tilburg, heeft hij de 11stedentocht gefietst (Hij was hoornblazer). In de Bolswarder krant stond jaren later (1967) een verslag over deze tocht.

It is nou pinkstermoandei 52 jier (in 1967) lyn dat Rintje Visser to Tsjerkwert – hy wenne doe destiids to Dedzjum – de âlvestêdentocht ried. Hy wie yn tsjinst by de 4e cie wielrijders to Tilboarch. Syn maten en hy krigen forlof om dat greate barren, de âlve stêdden by lans mei to dwaen. Hja krigen allegrearre in nije fyts, in fyts sûnder frijwyl, sa wiene se doe.

R visser9
Rintsje Visser mei syn fyts.

It wie doe ek al krekt as nou reklame foar it fabryk, dat de de fytsen oan it Ryk levere, hwant it die biken, dat de fytsen sa best wiene, dat al de soldaten de einstreep hellen, sûnder ien lekke bân of los ketting, ensfh. en dat woe hwat sizze yn dy tiid, doe’t der oars hast net as macadam diken wiene. De ploech sette de jouns om âlve ûre de kazerne út mei it doel de hiele nacht troch te fytsen, underweis wie de fearbaes fan it “Zwarte Water” re harren oer te setten. De man toande bigryp foar har sitewaesje.

Om 7 ûre kamen hja de moarns yn’e Lemmer oan en dronken der in kopke kofje en ieten har brogje op. Doe op nei Boalsert om harren foar de tocht op te jaen. Hja wiene der 10 ûre en doe gyng elts nei hús, hja wiene allegearre út dizze omkriten, om noch efkes út to rêsten.

De oare moarns 5 ûre wiene hja wer yn Boalsert presint en naem de tocht in oanfang. Der waerd fytst mei folle bipakking en in alle stêdden en doarpen waerd troch harren sketten mei de losse “flodders” en Rintje Visser dy’t hoarn blazer wie spile alle bikende liedtsjes de hiele sted en doarpen troch. Men kin fan tinken wol hawwe, dat hja in protte wille hiene.

De jouns om acht ûre kamen hja wer yn Boalsert oan en waerd har in diner onbean yn de Doele. De lieding hie dr. Beekhuis. Nou dat iten en dy joun heucht Visser noch as de dei fan hjoed. “Och, hwat koe men doe dochs lekker ite.” It wie in âlvestêdentocht om nea te forjitten. De oare moarns om 5 ûre gyng it wer op’e fyts op Staveren oan, mei de boat nei Enkhuzen en doe mar wer fytse.

R visser8
Op de foto ziet u Rintje Visser(rechts) en naast hem Johannes Deelstra, de latere kruidenier in de Kerkstraat. Deelstra woonde toen (nog) niet in Tjerkwerd. Deelstra mocht graag vertellen en als Visser er bij kwam staan, (een beetje stiekem achter Deelstra) zei hij: “Dat liecht er allergearre hjer!”

Dat jouns om 10.30 ûre kaem Tilboarch yn’t sicht en stiene der in protte soldaten op harren te wachtsjen. De untfangst wie bútenwênstich. Der waerd harren in ovaesje brocht, as hienen hja de wrâld yn’t roun west.

Hja krigen fan har kaptein 6 dagen ekstra forlof foar harren grate prestaesje. Visser mei syn maten, ha de âlve stêden ek it oare jier, doe’t hja noch yn tsjinst wiene meifytst. De iene kear wie it moai waer. De oare kear strie min, stoarm en rein…. mar beide kearen hiene se in soad nocht, seit nou de 75 jierrige R. Visser.

Visser had eerst een vrachtrijderij. Maar hij verkocht zijn vrachtrijderij aan Rintje koster. Daarna werd hij Postbode en meteropnemer bij de P.E.B.

R visser4
Millitair paspoort van R Visser.

Rintsje post to Tsjerkwert naem ofskie fan de post
De hear R.Visser, yn Tsjerkwert en omkriten better bikend as Rintsje post, hat moandei faor’t lest de postklean oan hawn en as postboade syn rountsje dien troch de buorren fan Tsjerkwert en de utbourrrens Dyksterhus, Rytseterp, Jousterp, Protterspolle, “Veldzicht”en de polder. De hear Visser is 29 april 1933 oansteld as helpbisteler en krige op 30 januaris 1956 syn feste oanstelling. Om’t er 8 oktober 1957 krekt 65 jier waerd, krige er earfol ontslach. Yn syn plak is nou beneamd de hear R.M de Jong, dy’t him ek wol ris forfongen hat.

R visser1
Rintsje Visser.

Moandeitomiddei kaem de dirkekteur fan it postkantoar fan Bolsert nei it poststasjon to Tsjerkwert om ut namme fan ‘e PTT ofskie to nimmen fané hear Visser en’ e frou, dy’t foar dizze gelegenheit meikommen wie nei it kantoar. De stasjohalder fan Tsjerkwert, de hear W. de Jong, spriek ut namme fan’e postlju fan tsjerkwert en parregea in ofskiedswurd. De jouns wie der noch in ofskiedsgearsit by de hear Visser oan hus, der’t alle postlju fan Tsjerkwert en Parregea mei de froulju en in offurdige fan’e Boalserter postlju in gesellige ofskiedsjoun trochbrocht ha. De hear Visser krige fan syn Boalserter kollega’s in boek en fan syn Tsjerkwerter en Parregeaster maten in skimerlampe. Fierder wiene Rinsje post ek hiel wat blomstikken as bliken fan tank en weardearring oanbean. Na zijn pensioen droeg hij altijd het zwarte PTT jasje. Rintje woonde eerst in Dedgum en later in Tjerkwerd op Singel 6.

R visser7
Als Postbesteller in sneeuw bij de van Panhuysbrug.
R visser2
Rintsje Visser als postbode.
R visser3
De drie postbodes voor het postkantoor aan de Waltaweg 7. De kantoorhouder, Wieger de Jong voor het dorp, Jonkershuizen, en Veldhuizen. dan Rintje Visser voor de buitenwijken, en ?? Brouwer uit Parrega. Die haalde de post voor Tjerkwerd en Parrega elke morgen van Bolsward. Die werd geselecteerd te Tjerkwerd. Brouwer nam de post voor Parrega mee, om die in Parrega te bezorgen.
R visser5
Visser en Jelle Koopmans tijdens een optocht.
R visser6
Overlijdensadvertentie.

588 Rintje Visser (M)
* 08-10-1892 te Won.dl.
† 14-02-1971 te Sneek

589 Trijntje Bakker (V)
* 26-03-1893 te Tjerkwerd
† 15-08-1977 te Bolsward

LAAT EEN REACTIE ACHTER