Sjonge mei kryst

0
991

Ha jim dat ek wol ris? Dat je skrikke fan je eigen sjongtalint at je ûnder de douche steane? Of dat je genite fan in sjongende buorman die ’t yn de tún oan it wurk is? Eltsenien hâld fan sjongen hokker wize ek: lekker mei de radio mei ‘raze’ of wat neuriën yn je sels.

Op earste krystdei sil de fanfare Eensgezindheid sa as gebrûklik de tsjerketsjinst begeliede. Nei it grandiose konsert mei Eric Vloeimans bin se wer op syk nei in nije útdaging en jawol, we sil dizze kear mei syn allen sjonge! Arjen Steur, Tsjerkwerter om útens hat foarich jier in prachtige bewurking makke fan de Ingelske Carol ‘All Bells in Paradise’ fan John Rutter.

Der sitte fansels in oantal hele goeie sjongers by it korps mar we kin ek wol wat steun brûke. Dus tink je fan “der ha ik wol nocht oan” kom dan  de kommende 4 wike op ‘e woansdeitejûn nei it Waltahús en sjong dizze moaie kryst meldij mei ús mei!

We repetere dit stik op ús feste repetysje jûn (woansdei) nei de pauze fan 21.00-21.45 oere.

Wat soe it leuk weze om dit mei in moaie klup Tsjerkwerters te dwaan, wes wolkom!

Mei in hertlike groetnis, bestjoer leden en diriginte Eensgezindheid

LAAT EEN REACTIE ACHTER