Ja, no Hyke? – De Beabuorstermole en de striid tsjin it wetter…

Jierren lyn hiene wy it der al ris oer. Wat soe it dochs moai wêze lokaasje-teater út te fieren by de Beabuorstermole yn Tsjerkwert. De poldermole dy’t al jierren ynsetten wurdt yn de striid tsjin it wetter en sûnt 1882 pronket op buorskip Beabuorren. Wy hawwe der wurk fan makke en in moai Frysktalich stik skreaun.

Ynspiraasje
By it skriuwen fan it stik hawwe wy in soad gebrûk makke fan besteand wurk. Besteand wurk fan en oer bygelyks âld-mealders Pier Zijsling en Wyberen Koopmans. Wurk fan Gerben D. Wijnja en Jouke Hylkema. In soad fan dit wurk is te finen op de webside www.tsjerkwert.nl. Derneist hawwe wy ynspiraasje opdien út besiten oan de mole en it gebiet derom hinne.
It stik Ja, no Hyke? fertelt in ferhaal oer ‘De Beabuorster mole en de striid tsjin it wetter…’.

Iepenloftspul
It ferhaal spilet him ôf yn de tiid fan mûnders-pear Wyberen en Hyke Koopmans. Jouke Hylkema sei eartiids –De Beabuorster mole- it plak dêr’t alles him ôfspilet, wie in plak dêr’t de wetten fan ienfâld en ôfsûndering hearsken. Teminsten, sa fielde dat oan. De bewenners kamen net folle fan it hiem en Wyberen hie altyd safolle te fertellen, dat Hyke oan teater neat te koart kaam. Wyberen it orakeljende haadpersoan en Hyke sis mar it publyk.

Hyke moast de ferhalen fan Wyberen altyd befêstigje. Al wiene dy ferhalen noch sa sterk. Wyberen hie in goed ferstân. Troch de ferhalen fan Wyberen hinne hearre jo fan ‘e wredens en tagelyk skientme fan ‘e natuer en it minsklik aard. Ferwûndering, lilkens, berêsting, blydskip, it sit der allegear yn.

Organisaasje
Om de organisaasje yn goede banen te lieden is in kommisje gearstald. Dizze kommisje bestiet út Jan Nota, Wieko Hekkema, Epie Wijngaarden, Agatha Witteveen, Anita Hekkema en Jan Witteveen. Derneist binne der noch in hiel soad oare belutsenen. Mear ynformaasje folget. Ek kinne jo in mail stjoere nei janohyke@gmail.com.

Klik op het TICKET voor de kaartverkoop