55 jier Eensgezindheid

0
1083
NR967

Tsjerkwert. Om justjes oer healwel twaen rôp sneon temiddei de jubilearjende musykforieniging Eensgezindheid de gasten in muzikaal wolkom ta, Dernei die de hear Wiebe Bakker it yn in lyts taspraekje noch efkes oer . Der wie op dizze del hiel wat te fieren. Yn It foarste plak wie de foarsitter, de hear Fokke Gietema nei in skoft útstel west te hawwen, wer oanwêzich. Elts wie bliid him wer te sjen. Dan it jubileum en de minsken dy’t op dizze del yn It sintsje set waarden. De hear lautenbach  fan de Nederlandse federatie van Christelijke Muziekbonden foun it ferieniging noch wol net sa âld, mar der wiene safolle dekoraesjes út te dielen, dat it him in ear wie om hjir as foarsitter fan de neamde federaasje oanwêzich te wêzen’:Oan de hear Pier Zijsling, dy’t 40 jier oan ús koarps ferboun west hat, koe er de gouden spjelde fan de federaasje útrikke, De hearen Wiebe Bakker, Fokke Gietema en Okke Postma krigen de sulveren spjelde. Gietema om’t er 35 jier lid west het, de beide oaren om’t hja it 31 jier folhâlden hawwe.

NR968

Foar frou Thea Gietema-Van der Meer wie der ek in silveren spjelde. De earste spjelde dyt oan in frouminske foar 30 jier trou lidmaatskip yn Fryslân út dield waard.De hear Harm de Boer, dy’t fan de oprjochting 6f lid is, dus 55 jier koe gun spjelden of ridderoarder mear krije omt er dy allegearre al hat, mar de muzykferiening toande syn tankberens oangeande dit trouwe en warbere lid oan him in panne fan Makkumer ierdewurk oan te bieden. Foar dizze gelegenheid spriek it jongste lid fan de ferieniging, Roelof Bakker De Boer op rym ta. Tusken al dizze feestlikheden waard om raek blaasd troch in enthousiast korps.

Bynammen foar it stik út Jesus Christ Superstar moat in skoudérklopkeútdield wurde. Mei in stik dat winliken te dreech is en der sa goed ôfswitten wurdt mei de hear Wiebe Bakker fersuchtsje dat in applauske earlik fertsjinne is. Komplimintén foar dirigint Buis en korps. Ek nr. 8 út nieuwe klanken foel op troch it waarme timbre. In korps mei in soad jonge leden is in korps foar de takomst. Dat oangeande libbet Eensgezindheid as in hert. De jongerein dy’t har oplieding fia de muzykskoalle  kriget, komt sa ‘t wy hearden goed ûnderlein by it korps tol en blaast al aardich mei.

Wie de seal middeis ridlik biset, de jouns mei it toanielstik wie it grôtfol. De doarpskrite fan Makkurn brocht ,,De Franske Kater” oer de fuotljochten. Troch har spyljen en de ynhâld fan it stik waard der gauris hertlike lake. Nei ôfrin wie der dounsjen Ûnder lieding fan it duo vd. Heide fan it Hearrenfean. In jubileumútfiering dy’t oer alle boegen slagge is.

LAAT EEN REACTIE ACHTER
DELEN
Vorig artikelH. Jorna 29 April 1884
Volgend artikelSingel 7 en 9