Eensgezindheid Tsjerkwert 70 jier

0
1034
NR976

Bolswarder Krante 1-4-1992

TSJERKWERT – Sneon 28 maart hâlde de muzykferiening Eensgezindheid har jubileumkonsert yn de St. Petrustsjerke fan Tsjerkwert. Nei it mei-elkoar sjongen fan ,,Groot is uw trouw” yn in arranzjemint fan Herman Oldenstijl, iepene foarsitter Siety Wiersma de jûn troch de likernôch 150 belangstellenden hertlik wolkom te hjitten.  Yn it bysûnder de twa eareleden Marten van de Wal en Roelof de Jong sr. As gastblazers waarden Roeloef Terluin op bugel en Evert Dijkstra op eufonium ferwolkomme. Ûnder de entûsjaste lieding fan Roelof Bakker (in pakesizzer fan It âldste earelid) waard in wurklist ôfwurke, dy’t eins allinne mar út hichte punten bestie. It korps dat út 22, meast jonge leden bestiet, hat in. repertoire opboud dat modern swingend neamd wurde kinen dus alhiel op de jongere generaasje ôf stimd is. De kar fan de stikken joech in protte romte oan de leden fan it korps om te solearjen. Sa hearde it publyk Bertus Rinse Bakker en Niek Galama as solisten yn Patsy fan Dizzy Stratford yn in arranzjemint fan Jan de Haan. De dames Siety Wiersma, Tea Gietema en Jikke Sterkenburch wiene solist yn Saxophone Jubilee fan Harm Evers. Fierder kamen alle seksjes oan bar yn Leningrad, in bewurking fan in liet fan popstjer Billly Joel. In modern, tige klankryk wurk dat útsûnderlik goed útfierd waard.

In hichtepunt fan de jûn wie lykwol’s it optreden fan Andries Kramer op trompet. Dizze musikus, û.o. bekend as dirigint fan de ütfiering fan,,In do befjocht de nacht”op in kryst-in yn Warkum en yn Stiensgea, eksellearre yn it Treble Concerto fan Ted Huggens. Benammen it flugge part fan dit stik Waard tige feardich spile. Yn Introduction and modern beat kaam de solist dynamysk oer mei in treflike ûndersteuning fan it korps. Foar dit konsert hie it korps in echte ladyspeaker yn hierd yn de persoan fan Foekje Bakker. Hja prate de ferskate nûmers mei nijsgjirrige eftergrûnynformaasje oan elkoar. Op dit konsert fansels ek plak foar oare jubilarissen. Frou Tea Gietema Van der Meer hie 45 jier lid west en waard eare mei in medalje. De hear Hein Gietema wie 25 jier lid en krige lyk as wenst, in ierdewurken panne, makke troch de pleatselike keunstenares Phün. van den Berg. Fansels blommefoarde oare helten fan de jubilarissen. Ek in blomstik foar in wurk achter de skermen. Al sûnt jierren spylje leden fan it korps krystlieten op Krystmoarn yn it doarp en de útbuorrens. Nei dy faak kâlde put, stiet foarharren in kofje tafel klear by frou Bakker-Van Rijs. It doarp kin de muzyk op Kryst moarn net misse en de blazers de kofje net.

donderdag 5 januari 2006 web
De jubilarissen fan ,Eensgezindheid’ yn ‘e blommen, f.l.n.r. mefr. A. Gietema-van Wierden, de hear H. Gietema ,mefr. T. Gietema – v.d. Meer, de hear F. Gietema en mefr. S. Wiersma-Draaijer, foarsitter (Foto Frans Mulder).

De korpsleden hiene foar dit feest in nij sjaaltsje en in flinterstrikje oan túgd. Te beskieden! Se hiene har sels ek wol mei in blomke opsiere kinnen. Blommen foar in entûsjast korps dat wat oandoart en in ferrassend fris en nij gelûd hearre lit, hiene op har plak west. It tal leden mei dan oan de lege kant wêze; op de muzykskoalle geane in tsiental bern, dat grif nije leden opsmite sil. It feest waard fuortset yn it Waltahûs met de opfiering fan de kluchtige ienakter , ,By de frou útfanhûs” fan Hans Nesna oerset troch Tabe Beintema. De eigen toanielploech makke der in komysk gehiel fan dat tige wurdearre waard troch it publyk. De jûn waard besletten mei dûnsjen ûnder lieding fan de ,,Waltahouse band”. Ek al wer besteande út eigen minsken.

LAAT EEN REACTIE ACHTER
DELEN
Vorig artikelH. Jorna 29 April 1884
Volgend artikelSingel 7 en 9