Ek in ‘Doarpsbilang’ to Tsjerkwert

0
1056

Op 3-11-1949 is de foriening  “Doarpsbilang Tsjerkwert en omkriten” oprjochte. Hjirûnder it ferslach fan de earste gearkomst yn 1949 út de Ljouwerter krante . Sawat 60 jier lien.

To Tsjerkwert is in gearkomste hâlden om te kommen ta in foriening, dy’t opkomme sil foar de pleatsilike bilangen. Der wiene 28 lju út de buorren en de útbuorrens opdaegjen komd. De lieding waerd opdroegen oan ‘e âldste oanwêzige, de hear Dj Zijsling fan Beabuorren, dy’t in útiensetting joech fan it doel en de wurkwize fan sa’n foriening. Alle oanwêzigen wiene foar de oprjochting en waerden dalik lid fan ‘e foriening, dy’t wurkje sil ûnder de namme “Doarpsbilang Tsjerkwert” Der waerd in bistjûr keazen fan njoggen persoanen (fjouwer bûtenbuorsters en fiif út de buorren) t.w. De hearen Dj Zijsling (foar Beabuorren) J.O.Postma (foar Iemswoude) B Gietema (foar Rytseterp en Jousterp) E. Bakker (for Arkum en Jonkerhuzen). S. Huitema, G Damsma, Joh. Reitsma, Sint Postma, en S.S. De Jong Dsn (foar de buorren). De lêste sil yn’t earstoan it skriuwerskip waernimme.

LAAT EEN REACTIE ACHTER
DELEN
Vorig artikelDorpsrand Tjerkwerd
Volgend artikelDorpsfeest 2008