Fyftjin en Fierder… Ferline én Langstme fan
de
Alvestêdetocht!

Op 2 jannewaris 2009 sette de earste Alvestêdetocht út ein mei 22 riders.  In tocht fan 200 km. Der soene noch 14 folgje. De kâldste yn 1963. It wie doe -20° graden by hurde wyn. De lêste yn 1997 mei omtrint 17.000 riders, no (2022) al langer as ea lyn. Dochs hoecht it elk jier mar efkes te friezen of de reedriderskoarts slacht ta: dit jier in Alvestêdetocht, soe it?

Fyftjin en Fierder, 15 Tochten… 1 Takomst!

Dat geweldige ferline én dat heftige langstme hat de keunstner Pieter Jan Stallen ferbylde mei silhûetten fan stoer cortenstiel:                .
– 15 oan de wiidske noardkant fan Tsjerkwert, ien foar elk jier fan de Tocht.                    .
– 1 op de brêge fan it doarp: in famke op de skouders fan har heit, wizend nei de fierte:

….de reedriders…soene se noch komme…?

Fyftjin en Fierder stiet healwei de Alvestêderûte. In ’lânmark’, krekt as de earebôge by de finish en de ‘tegeltsjesbrêge’ by Gytsjerk. Mar it is ek om oare redenen in ikoanysk wurk. Foar alle silhûetten – útsein dat  van 1986 – stiene bewenners fan it doarp sels model(link). Foar it silhûet fan 1986 keas de keunstner in bysûndere dielnimmer út dat jier: W.A. van Buren, de doetiidske kroanprins. Om te witten wat der yn it famke omgie frege de keunstner dat oan de bern út groep 6 fan alle basisskoallen fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Út de ynstjoeringen keazen de fjouwer 6e groepers van de basisskoalle út Tjerkwerd(link) de sterkste gedachte. Sy waarden dêrby holpen troch Klasina Seinstra (winneres fan 1997).

En dan is der noch dat iene bernelearske neist de twa grutte learzen. Wat is dêr te rêden? “Goeie fraach”, seit de keunstner. “Dat iene learske,  dat seit alles. Foar my de kearn fan it wurk. Begjin en ein, sjoch mar goed.”

Fyftjin en Fierder waard ûntbleate yn twa staapen: alle silhûetten útsein dat fan de reedrider op 17 dec. 2021(link) troch de bewenners-modellen en dêrnei offisjeel mei de reedrider op 26 febrewaris troch Tineke Dijkshoorn (winneres1986), tegearre mei Lenie van der Hoorn (winneres 1985) en Henk Angenent (winner 1997).

Oerset troch: Rixt Jonkman

X