Doede Wijngaarden

0
1412
NR144A D Wijngaarden

Naast de familie de Haas had Tsjerkwert nog een palingvisser. Dat was Doede Wijngaarden. Hij woonde op Fiskerbuorren te Dedgum, maar heeft lange tijd op de Singel bij zijn vader Tjitte Wijngaarden in het kleine huisje gewoond. Gerben Wijnia had een interview met Doede, wat later in het Skieppesturtsje stond.

Fryslân is in wetterlân, fol marren fearten, rivieren en kanalen. Gjin niget dat it hjir eartiids optilde fan de skippen: turf- en terpmodderskippen, beurtskippen en fiskersboaten. Wat binne der wat skippen hjir net de trekfeart oer kommen, op ‘e wyn, mei de kloet of yn’e beage. Noch skowe skûtsjes en oare  skippen fan de brune sylfeart ús doarp bylâns en noch wurdt der in protte yn’e trekfeart dobberfiske, net om in stik brea te fertsjinjen, mar om’e sport.

In man yn ús doarp dy’t lykwols noch as breafisker aktyf is Doede Wijngaarden. Dit jier stiet er al 60 jier yn’e fiskersboat en sa’n jubileum woene wy net ûngemurken foarby gean litte.
Op in jûn yn septimber doe’t der in dizige damp oer de trekfeart en de fjilden dreau, zetten wy nei him ta en tekenen syn ferhaal op.

Hoe’t it begûn
“Op 13 april 1918 waard ik berne op Fiskershuorren. Pake Douwe Visser wie fiskerman op in aak, hy sylde noch op’e wyn. Foaryn wie in kajút en yn’e midden siet de trôch, in’ beun dêr’t wol 1000 pûn iel yn koe.

Pake foer Cao Eksmoarre nei Parregea op en del en hy wie ien fan de lêsten dy’t op ‘e marren dêr fiske. Dy binne letter namentlik droechmeald. Doe’ t er dêr net mest fiskje koe, het er de Trekfeart krigen fan ‘e gemeente Wûnseradiel, fan’t Sudein by Warkum oan Boalsert ta.

Se ha doe it hûske krigen op Fiskersbuorren. It stiet der noch, mar it is hast yninoar dondere. Dat wie foar harren  hast in kastiel fergelike mei dy aak dêr’t se foarhinne yn hûsmannen. It wie der wol gesellich mei de hout- en turfkachel. Myn omke Klaas wit noch dat pake mei hol wetter hast in tomme ferspile hat. Hy hie in fiskersboatsje achter de aak oan en it gierde nochal bot. Doe’t er him neast de aak lûke soe, doe knypte de tomme him der hast ôf.
Doe’t ik in jier as 12 wie. bin ik begûn en krige ik de earste fiskakte foar it fangen fan iel. Dy die in gûne, in fermogen yn dy tiid. It wie 1930, yn’e tritiger jierren, doe’t ik fan omke Klaas katoenen fûkjes krige. Dêrmei fiske ik yn’e kritefearten. Der sieten doe oeral kerpers fan in pûn as trije en dy brochten doe in dûbeltsje it pûn op. Yn ‘e bou die in oere yn dy tiid ek in dûbeltsje. dat it wie net iens sa gek. In bleike brocht fjouwer sinten op en in skiere iel sân stoeren. Dy hiene wy it leafst. De reade iel brocht 16 oant 18 sinten op. Kwatriel woene de minsken net ite. Dy sjocht men no ek noait mear. Ik ha se noait iten, mar ik ha wol heard dat guon minsken se lekker fûnen.’

NR144B D Wijngaarden
Hjir binne noch folle mear, dy kink moai brûke sil Doede wol tocht hawwe.

Fan skoalle
‘Mei 13 jier bin ik fan skoalle kommen. Mei wat fiskjen, wat hanneljen yn kninen en sekken en – fan alles wat, fertsjinne ik myn earste sinten. Op it stêdhûs hie ik in domein fergunning krigen, ik miende foar in tientsje. Dy joech rjocht op it fiskjen yn rykswetter. Yn ’36 hat heit foar 52 en in heale gûne in fiskersboat mei in sprytseil foar my kocht. Dat wie in Warkum by Sikke de Vries, ‘Brike Sikke’ seinen se doe. Ik fiske earst yn’e Blauhûster en Westhimmer Puollen. Alle jierren fong ik sa’n 5000 pûn blei en sa. Elk fiske dêr op wytfisk want der wie gjin seefisk mear nei de ôfsluting fan de Sudersee.”

Doede wie foltop breafisker wurden. Hy fiske alinne mei fûken, nar sa njonkenlytsen krige er op ‘e Hiemert in, tichtset en dy hat er noch, no yn Arum, mar ‘t is noch yn deselde feart.
Yn, ‘e oarloch en ek nei de tiid noch wol, fiske er nachts by it tichtset.
Doede:”As it goed reinde en hurd waaide by tsjuster moanne dan swom de iel. Yn ‘e oarloch is der lykwols in fleanmasine delhelle by Burchwert. De stikken alleminium hie ik doe op it hokje lizzen.

Ik ho noait lekkerder sliept as yn myn hokje dêr, op in striesek mei in dûbele tekken oer my hinne. Moarns fjouwer oere moast ik der al út want dan moast de komelker der mei de boat troch. Dat wie âlde Klaas Feenstra. Ik helle de jûns in mingel molke by him en dy makke ik dan waarm op in petroaljesteltsje. De jûns siet ik by it petroaljelampke wat te fûkebreidzjen. Ik stookte it houtkacheltsje lekker waarm mei hout en sa dat ik út ‘e feart helle hie.
ûs omke kocht yn dy tiid in nije boot by Lanting, fan’e helling fan Drylst foar 85 gûne. Dy kostet no tûsenen! Mar om werom te kommen  op dat hokje dêr by’t it tichtset.
Yn augustus stikten je der hast yn en by’ t winter ferrekten je der.”

Doede docht in nije trek oan syn sigaar  blaast  wat wolkjes de keamer yn en fertelt dan fierder: Winterdeis moast ik fûken breidzje en reparearje. Mar snoekfiskjen gie ek wol troch, mei de boat dwers troch de iiskossen hinne. Dat wie in ôfgryslik kjeld 1ijen. Men moast mei de hannen yn dat iiskâlde wetter om de fûkean te lichtsjen. In ‘e oarloch hiene wy netsjen ûnder it iis troch  om snoekbears te fangen. Dy frearen je hast oan ‘e hannen fêst. Mar alles wie jild wurdich.”

“Mei in boat op’e wyn en 20 meter tou”
Fiskerman Doede Wijngaarden, yn syn boatsje. Syn maet rjochts net bekend. ‘Ja, dêr kaam men in hiel ein mei. As ik fan fiskersplak feroare, dan kaam it hiele hokje útinoar. It siet nammentlik mei heakjes yninoar. It waard dan op de boat laden en skode ik de hiele hannel fan Fiskersbuorren dwers troch de stêd nei De Hiemert. Niks wie ûnmooglik.
Simmerdeis wie it gjin fiskerswaar. Dan wie ik yn ‘e ûngetiid by Jelle Twynstra boer op Ymswâlde. Jouke Tolsma, Willem Winja, âlde Jabik en soan Jappy Twynstra wiene der dan by. En dochter Tine. Dy moast tymstjoere. Mei help fan twa hynders lûkte sy it hea op in bulte.”

NR742 D Wijngaarden

Tanen
‘Dat tanen wie my ek wat. Eartiids dienen wy dat mei eek. Dat kaam fan’e ikebast. Letter brûkten wy kasjû út Ynje.  Alle fjouwer wiken moasten de netten taand wurde. Wat in ellende! Thús hie ik earst op ‘e Singel, dat wie yn oarloch, in taantsjettel. Ik stookte fan alles. It rikke behoarlik en stjonke dat it die. De lju setten dan ek gau nei de waskline ta. Mar der kamen gjin klachten hear. Tsjintwurdich kin der niks wêze of de lju ha lêst fan inoar.”

NR743 D Wijngaarden
Hjir is Doede yn é âld haven efter de singel yn Tsjerkwert.

Nei de oarloch
“Doe kaam der in Johnson 5 pk oanhingmotor, Dy leste benzine en doe hie ik ek mear ûnkosten. Ús heit sei wol ris: “Lit him mar sinke”, doe’t ik him ris net oan ‘e praat krije koe. Letter die bliken dat de benzine al wet op wy. Myn bêste nacht op it tichtset hat 170 pûn west. Mar wie ek ienkear. Noch net na lang lyn ha’k noch ris 150 pûn yn ien nacht út ‘e netten helle. Mar ferjit net, je moatte ek de hiele winter mei troch de tiid. Fangstbeheiningen binne der by de binnenfinkers noch net. Wy meie safolle fange as wy wolle en kinne. Konkurrinsje ha wy wol krigen fan de ielekwekerijen, mar dy lju ha fansels ek een kostpriis. Dêr moast dy net op fersjen. De wylde dy’t wy ferkeapje binne sa’t wy se fange. Goede iel moast trouwens by foarkar net op’e merk keapje mar by de goede ielhannel. By Hans de Haas sit it wol goed hear!” Moedeleas ha’k noait west ma der wer ris neat yn’e netten siet. Wy hiene thûs noch wat âlde hinnen en dêr hiene wy aaien fan en wy fokten pykjes. Mar wist, it win frij wurk. Men is sels baas en dat docht it him.

Tsjinslagen
“Mei fernielingen ha’ k wol fan alles belibbe . Alle fûken binnen wol ris fuort helle. In strop, want in gruttenien kostet in pear hûndert gûne. Mei it leechheljen giet it noch altiten knap en, it wetter is no gelokkich aardich frisser wurden. Dat hat wol alderraarst west. Dan sieten de boeren op Hiemert mei in bûsdoek foar de noas te melken. Sa stjonkte it wetter en dêr moasten wy ús brea yn fertsjinje. Alles wie dan dea en it doarre dagen foardat der wer ris wat libben yn’e fûken siet. Der is lykwols noch altiten folop iel. Ferline jier ha’k twa salmen fongen.” Doed Wijngaarden beskikt no noch oer 3 tichtsetten, ien grutte en twa lytsere, en ferskate skutsfûken. Noch altiten giet er der mei it boatsje op út, Moarns om sân oere lûkt er de doar achter him ticht, skôget it waar en set dan mei Rintsje Bakker nei de boat. Mei in glimk op syn gesicht fertelt er dat Rinske him sein hat dat sy ek wol ris mei woe. Doet hat lykwols al ris mei west te fiskjen. It fiskjen giet noch troch oant novimber ta, Sa lang brâne er op it tichtset jûns noch de petroaljelampen want oars wurd de boel fyn fard.

NR744 D Wijngaarden
Sokke dikke snoeken fang je net dageliks.

Doede Wijngaarden is in beskieden man, wars fan sweeslaan en sa. Mei belangrestelling folget er ferrjochtings fan syn soan Gerrit. “Tussen Kunst en Kitch skarrelt er troch de tiid. Gerrit syn wurk heart sa stadichoan ta de Kunst mei in t haadletter. Heit Doede is der grutsk op. Mei it kiezen fan ek  in frij berop siet er yn heite fuotleasten . In bytsje spitich lit Doede noch witte: “Mar hy moat niks fan’t fiskjen ha,”

Gerben Wijnia
Skieppesurtsje

LAAT EEN REACTIE ACHTER