Tsjerkwert, iisklup Tsjerkwert organisearre sneon 4 febrewaris in hurdriderij foar de bern fan de basisskoalle. Mei in prachtige iisflier en in lekker sintsje d’r by waard it in middei mei in soad iiswille én in, somstiden, spannende riderij. Der wienen 33 dielnimmers en d’r waard riden yn fjouwer kategoriën.
De jongste bern fan 4 en 5 jier hienen noch hast net hearder riden mar wienen net benaud en streken al best. De iennichste jonge, Willem Schakel, waard 2e, Rozemarijn Zaal 3e en Hinke Bouma wie it snelst en krige de gouden medaille.
By de 6 en 7 jierrigen koenen je sjen dat dizze bern de ôfrûne jierren al faker riden ha. Marit Draaisma wie fan dizze groep it snelst, Leonaar Zaal waard 2e en Anne Galama 3e.
Hiele rappe riders sieten d’r yn de groep fan 8 en 9 jier. Lieneke Schakel hie de 3e priis, Femke Galama de 2e en Jimte Draaisma hie de 1e priis.
De âldste bern makken d’r in prachtige spannende striid fan. Mar Mandy Koenz wie net te beriden en waard 1e, Marrit Speerstra waard 2e en Jildou Speerstra 3e.