Kulturele joun yn de Harmonie

0
1016

It Doarpsbilang organisearre yn 1956 in `Kultuerele joun´ in de Harmonie. De foriening doarpsbilang Tsjerkwert e.o. Freget in persoan of selskip foar it fersoargen fan in kultuerele joun op 23 Maart 1958. Opjefte fan wurklist en bitingsten oan de skriuwer H.de Jong.

LC 26-3-1956

Doarpsbilang Tsjerkwert sette kulturele joun op tou
In tsjerkwert hong de doarpsflagge wer ris oan in ljochtpeal, ta in teken dat der yn it doarp wer hwat bisûnders to rêdden wie. De foriening “Doarpsbilang Tsjerkwert en omkriten” hâldde yn de Harmonie in kulturele joun. In amateur-tonielploech út Warkum (in stikmannich leden fan ‘e kr jongfeintenforiening mei in pear jongfammen forsterke) joech in opfiereing fan “De Nijboer fan Lyklama-State” fan Abe Brouwer. In pear krêfte wisten aerdich hwat fan har rol to meitsjen, mar oaren fielden har noch hwat ûnwennich op ‘e planken.

Fjouwer Tsjerkwerter jongfammen spilen mei en ûnder leinding fan frou T. Gietema-van der Meer tusken de bidriuwen hwat flotte wyskes en Fryske lieten, dy’t de oanwêzigen ta meisjongen útlokten. De seal wie mar foar de helte biset.

Frege op freed 13 des 1957 In toaniel of kabaretselskip foar it forsoargjen fan in feestjoun to tsjerkwert. Brieven mei wurklist en bitingsten oan H de Jong, skr. for “Doarpsbilang” Ald Hiem 17 Tsjerkwert.

LAAT EEN REACTIE ACHTER