1977: 75 jaar CVO school

0
724
75jaar CVO

7 Aug. 1977 bestie de skoalleferiening 75 jier. Nei oanlieding
dêrfan makke juffer W. Wiersrma fan Eksmoarre in revu,
spile troch personiel en bestjûr.
Hjir ûnder in fragmint.

Wolkom minsken yne seal, wolkom allegearre,
Jim kin oer foarbye tiid fan ús skoalle hearre.
Wat in freugde en fertriet, wat in lang folhâlde striid,
75 jier bliuwden sy ja wier op hun stik,
makken hun dik foar skoalle, dêr sil w’oer ferhale.
Yn dy alderearste tiid, wiene ’t in pear mannen,
sy begounen doe de striid, leine hechte bannen.
It earste begjin wíe in oprop ta in besprekking,
dy t hâ1den waard yn in lytse kring,
11 foarstanders fan it kristlik ûnderwiis
krigen in útnoeging, 6 joegen gjin belies.
mar 5 minsken kamen dy 1ste kear.
yn e maityd fan 1902 gear.
Bisletten waard om in frije skoale op terjochtsjen
en mei-inoar foar it kristlik ûnderwiis tefjochtsjen.
De twadde gearkomste yn maaije waard better besocht,
rom 30 minsken,dat hiene se net tocht.
De plannen moasten yn dieden omset
foun de hiele fergadering beret.
Ien fan de wichtichte saken wie ’t jild.
dêrfoar moasten der minsken yn ’t fjild.
De opbringst foel net ta,
om wat te begjinnen moasten se folle mear ha.
De minsken hiene ek noch al wat kommentaar
it gong seker net samar.
Yn Juny moast der yn ’e 3de gearkomst ’in wichtich bislút falle
krije wij in frije skoalle,
cf moast de skoalle oanslúten by it C.0.V.?
Dêr moasten se om stimme ,no.
De measte stimmen wiene fer it 1ste plan,
wat as gefolch hie,dat út de (Chr.)Geref. as ien man
de seal ferlieten en net mear meiwurkje koene.
It wie spitich, dat út san lyts ploechje minsken fuort rounen
mar de oaren bleauwen hy har bislúten
En makken alfêst plannen foar reglemint en stastuten.
Op 7 Augustus 1902 wie it dan offisjeel safier;
26 leden foar de skoalle stiene op papier.
De statuten en ’t reglemint waarden lêzen
en else lid koe it dêr mei iens wêze.
De skoalleferiening wie no echt fan ’e groun
eu ek in bestjûr waard keazen dizze joen
ds.van Ry, .L.Wiersma ,H.Reitsma,O.Jousma en A.van’t Zet.
werden yn’t lste kristlike skoalbestjûr set.
En doe begoun it wurk krekt bêst,
der kaem noch hiel wat píne en lêst.
Dy âlde striders ha wat dien,
foardat hjir in skoalie stie.
It jild,it jild,dat wie in minne saak,
oeral waard it weiskarrele,dat wie in swiere taak.
Sels yn Hollân waard jierrenlang kollekte hâlden,
foar de op terjochtsjen skoalle yn Fryslân,
‘t is hast net teleauwen.
Op in ledefergadering fan maart 1903,
koene de leden foar in dûbeltsje in reglemint krije.
Ek kaem er doe in laem yn ’e weide,
dy waard dêr foar de skoalle weide.
Sa bestiet dus al,ja wier,
it suppletie fûns 74 jier.
Yn april 1905 waard it gebou oanbisteed,
5 ynskreaubiljetten leine op t kleed.
J.Zylstra wie de leechste en kaem ter fergadering
“Om den uitslag te verneemen.”
en hy waard felisiteard.
Minder wie de útslach foar Lammertsma. út Boalsert,
Dy’t ûnferrjochtersake wer werom nei Boalsert keart.
dan wurdt de skoalle bout foar f 3.694,– roun,
mar no moat der in master foun.
Fiif persoanen setten har sollisitaasje op papier,
foar haad fan’ e skoalle foar f 750,– per jier!
Útkeazen waard master Carré,
de skoalle wie no ek al rillik gau ré.
Juffer de Brûn waard byneamd as hantwurkûnderwizeres.
De iepening fane skoalle koe wurde en ’t waard in sukses!
Op 29 july 1903 wie it feest yn it doarp!

Sjongstikje:

Op in dei djip yn’ e simmer wer,komt de flage heech yn top,
t doarpke Tsjerkwert kin t gelok net op.
Nei in soad fergaderingen fol mei graete soarch er striid,
komt der foart bestuer in nije tiid.
Yn it doarp,der stiet de skoalle prachtich nij en einliks klear
Nou, wet wol in minske dan noch meer.
Doarren íepen foar de bern,eltsenien mei him besjen.
‘t learen kin no mar begjinnen gean.
In skoalle,ús skoalle,ús skoalle nei safolle jieren is er ré.
Ús skoalle,ús skoalle,ús skoalle, in skoalle mei in C.

75jaar CVO 2

LAAT EEN REACTIE ACHTER
DELEN
Vorig artikelKaatsberichtjes
Volgend artikelCV installatie