It Ald Hiem

0
1377

“It âld-hiem”,  rjuchts de wente fan Siemen Sijtsma. En lofts de timmerskoarre fan Willem Wijnia, letter fan Klaas de Vries, en dernei fan Piet van Zuiden, Cor en Hieke van Zuiden, Batteram, en no wenje Koos en Ada Stel der.

aldhiem 121
Hjir noch éfkes op it Ald Hiem, mei Tjitte Wijngaarden en syn potkarre. Dér wie fan âlles te keap.

 

aldhiem 61
Bauke Kramer.

Ek it âld Hiem, om en de by 1930. Dit is Bauke Kramer dy wie doe feint by greanteman  Schilstra fan Buolsert. Bauke kaem mei de karre ek yn Tsjerkwert te suteljen. Letter ha hja nog oan é Waltawei  wenne,  hy hánnelde doe ek mei grienten.

aldhiem 51
Feest.

It “Ald Hiem.” om 1959 hinne. De mesiek “Eensgezindheid”  jout in serenade, for jong en âld.
Efter it korps it hus fan Siemn Sytsma en Joh. Walstra, letter fan Pieter Kamstra en syn frou Johanniske de Boer. Efter dizze huzen wie in masale bleek. Bakker Roelof de Jong hat er in nij hus sette litten. No wennet Roelof Bakker der. Dêrnsteist it hûs fan Wieger en Baukje Bakker-Poelstra. Earder hat Wytze Welbedacht der wenne. It baarhokje fan de begraffenisferieniging is ek noch op de foto te sjen, dêrnsteist de garaazje fan Wieger Bakker. Eartijds stie de brânspuit hjir yn. Op it Ald Hiem wie eartiids ek in jiskedobbe dêr’t de lju it jiskelaaad yn leegje koene.

aldHiem
It Ald Hiem, rjochts it hus fan Siemen Sytsma, en efteroan de timmerskoarre.

In foto fanôf de tsjerketoer naam. Yn’e fjirte sjogge jo de Dwinge, en noch fjierder fuot de wettertoer fan Bolsert. Yn ‘e trekfeart fart yn skûtsje. Yn it hof by Dûmny is een hinnehok te sjen. Ek hat dûmny in grientetun. Tusken de twa hûzen yn it midden is een persoan op de fiets te sjen. Der njonken de timmerskuorre. Rjochts is noch krek it dubele hûs fan  Sijtsma en Kamstra te sjen. Bij it controle hokje hinget de wask.

aldhiem 31
Dit binne Siemen Sijtsma, en syn Frou Akke, mei fêst in Pake, en Beppe sisser, tusken harren yn.
aldhiem 41
Efterhûs by Siemen Sytsma. Dochter Pytsje, en Teatske Bartsma, dochter fan Jelle Etsje har earste man Klaas Bartsma. It lytse famke moat Anny weze.
aldhiem 201
P van Zuiden

Bij timmerman Pieter van Zuiden, Kerkstraat 19. Onderdelen voor de spinnekop molen die nu te Hemert bij Burgwerd staat. Het huis links is Kerkstraat 17.

aldhiem 221
De molenkast hangt in de takels voor vervoer naar Hemert.
aldhiem 231
Onderdelen van de molen in de timmerschuur.
It ld Hiem1
Foto B. Buwalda.
LAAT EEN REACTIE ACHTER
DELEN
Vorig artikelBakkerij de Jong
Volgend artikelSingel 8