Keatsen foar eltsenien mei de sêfte bal!

0
32

K.F. De Twa Doarpen organisearret op snein 29 juny in tagonklike keatspartij foar jong en âld. De partij is bedoeld foar elkenien dy’t op 1 jannewaris 2025 teminsten 8 jier âld is.

It giet om in ynformele en gesellige keatspartij wêrby’t brûk makke wurdt fan in sêfte bal – in keatswant is dus net nedich. Sawol leden as net-leden, erfarne keatsers en nijsgjirrigen binne fan herten wolkom. It begjint 11.00 oere op it Skieppefjild yn Tsjerkwert. Meidwaan is op eigen risiko. Ynlis is foar folwoeksenen € 4,- en foar bern € 2,-.

Oanmelde kin oant en mei freed 27 juny om 20.00 oere, by ien fan de bestjoersleden of fia de groepsapp.

De keatspartij is in moaie gelegenheid om yn in tagonklike sfear mei-inoar sportyf dwaande te wêzen. Wy hoopje op in protte dielname en in noflike dei foar de hiele mienskip! Dizze partij wurdt stipe troch: PR10RE

Mei freonlike groetnis,

It bestjoer fan K.F. De Twa Doarpen:

Michiel de Jong, Femke Boonstra, Thomas Huitema, Ids Walsma, Hidde Lemstra, Elske van der Meulen en Ype Bote Bonnema

LAAT EEN REACTIE ACHTER