Tsjerkwert Open 27 desimber

0
33

Tsjerkwert organisearet op sneon 27 desimber de ‘Tsjerkwert Open’ – it grutste en gesellichste dartstoernoai fan Fryslân!

Tsjerkwert – Op sneon 27 desimber wurdt yn it Waltahûs de jierlikse Tsjerkwert Open hâlden, in dartstoernoai foar eltsenien fan 18 jier en âlder dy’t sin hat yn in sportive en gesellige middei.

De ynrin begjint om 15.30 oere, wêrnei’t it toernoai om 16.00 oere losbarst. Dielnimmers kinne har oanmelde oant en mei freed 26 desimber om 20.00 oere by Klaas Boersma (telefoannûmer: 06-22127431) of fia de groepsapp fan de Skerpe.. Der is romte foar maksimaal 64 spilers, dus op tiid oanmelde is oan te rieden.

De dielnamekosten bedrage € 12,50. Lykas elk jier binne der prachtige fleisprizen en fleisbonnen fan Anema te winnen.

It toernoai wurdt organisearre troch Sjoerd, Klaas, Bert Jan en Ype Bote. Sy hoopje op in sportive dei mei in soad dielnimmers en in gesellige sfear.

Foar mear ynformaasje of oanmelding kinne ynwenners kontakt opnimme mei de organisaasje.

LAAT EEN REACTIE ACHTER