Jubileum 55 jier biljertferiening H.T.S.

0
64

De oprjochting wie op 10 novimber 1970. Yn 2020 woene wy ús jubileumfeest fan 50 jier hâlde mar dat koe net troch gean yn ferbân mei corona. Dus dogge wy dit no mei 55 jier en dit wie op sneon 15 novimber 2025.

Efkes in lyts oersjoch:

De namme H.T.S. bestjit út de foarnammen fan de oprjochters: Harm de Boer, Tsjamme Draaijer en Sint Postma.

De oprjochtingsfergadering wie yn de konsistorie en de 3 mannen hiene ek al in biljert kocht wat der ek stie. Dernei binnen der oandielen fan 25 goune útjoun sadat it biljert fan de feriening waard. It kasboek jouwt oan dat se san bytsje allegear 200 goune oan oandielen kochten.

It earste jier wiene der 26 leden en nei in jier waard der troch 9 opsein.

Yn 1973 is it biljert nei de Harmonie gien en hat de Harmonie in biljert derby kocht en wiene der dus twa. Yn it kasboek stiet ek dat der doe betelle waard foar de oaljekachel.

Yn 1980 wiene der noch mar 12 leden en kaam der in aktie en dat lukte, der kamen 9 leden bij en wie de klub wer op 21 leden. Ien fan dy 9 leden wie Willem Poelstra en fan it ledental van 1980 is hy no noch de ienigste.

Derneist is Sjoerd Breeuwsma lid wurden yn 1983/1984, dus ek al 42 jier lid.

Der is ek jierrenlang doarpenkompetysje dien mei Parregea, Ferwâlde, Exmorra, Gaest en Hichtum. Een stille dea stjêrt omdat men gjin minsken krije koe om jûns fuort te biljerten.

Yn 2010 binne wy oerstapt op 25 beurten biljerte per party.

Wy binne no mei biljartstart oan de gong en der sitte op it stuit 7 froulju by. Mar wy ha earder, yn it seizoen 2002-2003 Hester Arendz as frou by de klub hân. Sy hat jammer genoch mar 6 partijen spiele en is doe stoarn oan leukemie, 35 jier âld.

By myn witten binne der twa “aktieve” leden ferstoarn. Dat wie Hester yn 2002 en Jaap van Lingen yn 2018. Nei it ferlies fan Jaap en it stopjen fan oare leden soe ús seizoen 2019-2020 begjinne mei 9 leden. Dat soe in djiptepunt wêze. Ik ha in bryfke rûn brocht by 5 minsken at se ek in jûn fan ‘e pôlle woenen en komme te biljerten. Der binne 4 kommen en noch altyd der by.

Troch biljartstart binne der 2 leden by kommen en wa wit wa as der noch mear by komme de kommende jierren. Wy binne no mei 17 leden.

Us jubileumdei is tige gesellig wêst mei biljerten, keuvelje en in waarm buffet. Dizze dei is mei mogelyk makke troch sponsering fan Stichting Windkracht 10.

Biljertferiening H.T.S.

Gerben Dijkstra

LAAT EEN REACTIE ACHTER