Fusie Melkcontrole

0
967
Controle 1

In 1979 fuseerde de melkcontrolevereniging Tsjerkwert-Parregea mei de controle vereniging van Blauhuis. De controleur de heer S.W.de Jong ging met pensioen. In Blauhuis werd driftig vergaderd en in Parregea.

Controle 4
Brief oan Feike Mulder.

Yn antwurd op Jo telefoanyske fragen it folgjende:
Op woansdei 17 jannewaris 1979 wie der in jiergearkomste bij H.Bergstra yn Paregea.
Nei noch alwat bestjûrsgearkomsten oer de fusy fan Parregea-Tsjerkwert mei Blauhus, krige ik fan de foarsitter fan c.v. (controle vereniging) Tsjerkwert – Parregea it forsyk om op har leste leden gearkomste te kommen. Dat wie doe J.Gosliga fan Parregea. De ponghâlder = Plantinga sei tsjin mei: “Jo moatte dit sjen as in fleurige begrafenis.”

Nei in lange rek fan jieren as ponghâlder waard hy tige yn’t sintsje setten. Tagelyk wie der it ofskie fan S.W. de Jong. Beide binne net mei lege hannen nei hus ta gien. Yn syn antwurd sei de ponghalder, doe’t er syn kado krige:”Dit sil ik sels noch wol efkes betelje moatte tink?”
Foar ôfwikseling houd J.S.de Jong fan Hieslum in foardracht.

De mûnsternimmers yn Tsjerkwert wiene:
H. Gaastra, R.Boersma, F.Postma en F.Mulder wurksum. Feike hat 1 juli 79 examen dien foar musyk en – slage! In oare mûnsternimmer sykje!

Yn it laboratorium fan S.W. de Jong sille de bakjes mei fleskes en oar ark klearstean, ek wurde der fol en leech omruolle moarns. Op 70 bidriuwen wurd mei de “Milkoscope” molken en 14 hawwe mjilglêzen. Ien bidriuw brukte in frutest en dan binne der steande en hingjende melk apperaten, en 3 hân melkers. Der wie 2 – 3 en 4 wykse controle.

melkcontrole 4

LAAT EEN REACTIE ACHTER