Een bazar

0
1145

In hulde oan de frouljusferiening “Martha – Maria”fan Tsjerkwert. De frouljuferiening Martha-Maria kon het niet langer uitstaan dat de klok van de toren niet meer opgezette tijden luidde. Men hield een bazar in de Harmonie om met de opbrengst daarvan de klok te laten repareren. Bart Speerstra maakte hierover rond 1980 een gedicht.

Wiere balade fan ‘t Tsjerkwerter klokkespul

Klingel klangen, bim bam bom,
Seit de toer fan Tsjerkwert no;
Âlde gloarje,  Fryslâns rom en ear
Oer de greiden  heart it “klear”.

Jieren hat yn ús tsjerketoer
Net in klepper-klok mear west,
Né der moast wat barre,
Dit wie foar ús doarp in lêst.

De Froulju fan Tsjerkwert,
Hiene der hinder fan en lêst,
Harren mannen to let thûs to iten,
Wat in lêst, net sa bêst…..

En sels nijsgjirrich en sa mear,
Der moast wat barre, dat wie klear.
It bistjûr hat doe sein: “Hawar,
Der moat komme yn de Harmonie in Bazar”.

En wy fansels der hinne,
We koene te kust en te keur:
Sjitte, gonije en mei ‘t jild “smyt mar raak”,
Dit wie in Tsjerkwerter saak.

De froulju fan “M en M” seagen blier,
De krol wie derfan út it hier,
Tige switte, it spul fleach fuort,
Jawis, der wie tige bêst guod.

Froulju wy binn’jim hjit tankbar foar,
Oer dit geweldich resultaat,
De toer sjongt no wer syn Beier Bom,
Elk is yn it doarp paraat.

Klingel Klangel, seit ús toer,
Moarns 8, middeis 12, joens om 4,
Hy ropt ús thûs … de fjilden oer….
Dit wie wer ris saneamd “Mienskipssin”,

Der ha wy yn dizze tiid sa’n ferlet,
Mar Tsjerkweret is wer krekt op tiid,
Wy komme wier  nea wer te let…

Ymswâlde                                                                Bart Speerstra

LAAT EEN REACTIE ACHTER