Hurdriderij yn Tsjerkwert

0
1057

Sneontejûn 4 febrewaris koenen de ‘kanonnen’ fan de iisklup Tsjerkwert wer fan start by de hurdriderij.

De foarsitter neamde de omstannichheden ‘syberisk’ en dus moast eltsenien goed yn beweging bliuwe om wat waarm te bliuwen. De jongste kategory wienen de bern fanôf de basisskoalle o/m 15 jier; 9 jonges en 1 famke strieden om de medailles en úteinlik wienen de priizen foar Roel Hekkema 1e, Klaas-Jan Haytema 2e en Sven Bijlsma 3e. Dernei wienen de froulju oan bar. Fanwege te min dielname waarden 2 groepen byelkoar setten en koenen de froulju d’r dochs noch in moaie striid fan meitsje. Hjir wie de 1e priis foar Sietske v.d. Meulen, 2e foar Thea Zijsling en de 3e foar Hotske Burghgraef. Dernei noch 3 riderijen foar manlju. De jonge mannen yn de groep fan 16 o/m 34 jier wienen allegear tige rap. Mar ek dit jier wie Auke Walsma de winner, mei Okke Jan Postma 2e en Pier Jan Zijsling 3e. It waard sa stadichoan tige kald op de baan dus gau troch nei de groep mannen fan 35 o/m 49 jier; ek in striid sa no en dan. Bertus Rinse Bakker waard 1e, Thomas Burghgraef 2e en Evert Bakker 3e. Yn de groep manlju fanôf 50 jier wienen spytichgenôch mar 3 dielnimmers maar de striid wie d’r net minder om. Jelle Zijsling ferstjinne de gouden medaille, Dominicus Kuipers hie de 2e priis en Ids Schukken de 3e.

Al mei al in tige slagge riderij werfan de prizen nei ôfrin yn it lekker waarme doarpshûs útrikt waarden.

Image

LAAT EEN REACTIE ACHTER