In ‘echte’ brulloft

0
965

As je yn groep 2 fan ‘e basisskoalle sitte, en je binne fereale op elkoar, dan wolle je ek trouwe. Dat barde juster yn it ‘echt’ by twa steltsjes fan De Reinbôge yn Tsjerkwert. Alle klasgenoaten krigen yn it stedhûs fan Boalsert in rol as tsjûge, brulloftsfamke, earebôgedrager, bûltsjeblazer en as ien dy’t de trouringen oerjout. In offisjele trouamtner ferbûn de pearen yn ‘e echt yn it bywêzen fan famylje en freonen. Nei it ja-wurd wie der limonade en gebak op skoalle…

LAAT EEN REACTIE ACHTER