BOALSERT – Wat er foarich jier begûn as in oefening yn herinnerjen, waard mei de titel ‘Wyberen en Hyke’ samar in Rely Jorritsma priis. Stadichoan kamen der ynderlik mear los en sa ûntstie der al gau in bondel fan in 47 siden. It docht him sels noch it measte oan as in jeugdidylle. Jouke Hylkema seit oer syn earste bondel: ,De Beabuorster Mûne – it plak dêrt alles him ôfspilet- wie doe in plak dêrt de wetten fan ieniald en ôfsûndering hearsken. Teminsten, sa fielde dat oan. De bewenners kamen net folle fan it hiem en Wyberen hie altyd safolle te fertellen, dat Hyke oan teater neat te koart kaam. It is in fersebondel wurden wêryn’t Jouke sels de tahearder is, Wyberen de orakeljende haadpersoan en Hyke sis mar it publyk. Hyke moast altyd de ferhalen fan Wyberen befêstigje. A1 wiene dy ferhalen somtiden ek noch sa sterk. Oer de haadpersoan sels seit er: ,Wyberen hie in goed ferstân. As er trochleard hie dan hie er it leafst bou-ûndernimmer wurden, hat er my wolris sein. Ik haw jierren nei syn dea noch wolris mei minsken praat, dyt mei him wurke hienen. It die bliken dat er samar by de baas fuortrinne koe as er it net mei de man iens wie oer de wize ian wurkjen. Hy wie Mitseler.
Mar troch de ferhalen fan Wyberen hinne hearre jo ek wat fan e wredens en tagelyk skientme fan e natuer en it minsklike aard. Hy beskriuwt doarpsfigueren, boerelju, minsken dyt harren wat lytser fielden, minsken dyt harren wat grutter fielden. It binne oantinkens dyt stal krije yn’e earste persoan inkelfâld. De wize fan skriuwen soene je dan ek as parlando oantsjutte kinne. It binne praatgedichten, sa sei lêsten immen. Ferwûndering, lilkens, berêsting, bliidskip, it sit der allegear yn. ‘Doet ik it skreaun, moast ik ek wer tinke oan it prúmkjen fan Wyberen, de jeneverflesse, it gleske limonade mei spekje dat ik altyd krige, it advokaatsje mei slachrjemme sneins, seit Jouke. It ferhaal spilet yn in perioade fan acht en tritich jier ferlyn oant in fiif en tweintich jier werom. Freed 15 septimber (2006) sil Jouke Hylkema, yn e bibleteek fan Boalsert, fan 19.00 oant 20.00 oere, in stikmannich fersen út de bondel foarlêze en op snein 17 septimber yn it Praethuys yn Boalsert fan 14.00 oant 15.00 oer. Mei muzyk fan u.o. Meinze Bakker. De Beabuorster Monologen; skreaun troch Jouke Hylkema. Priis 8.50. Te keap by: it Gysbert Japicxhûs en it Boekhuis en by it foarlêzen.
Jouke Hylkema en syn ,Beabuorster Monologen’
BOALSERT – Jouke Hylkema presintearre freedtejûn yn e bibleteek fan Boalsert syn earste bondel, ‘Beabuorster Monologen’ Ôfwikselend mei muzyk fan Meinze Bakker lies Hylkema in stikmannich fersen út de bondel foar. In dei letter die de Boalserter stêdsdichter itselde yn it Praethuys.
Wat foarich jier begûn as in oefening yn herinnerjen. waard stadichoan in bondel fan in 47 siden mei de namme ,Beabuorster Monologen’. De Beabuorster Mûne – it plak dêrt alles him ôfspilet- wie doe in plak dêrt de wetten fan ienfâld en ôfsûndering hearsken. sei Hylkema earder oer syn ferhalen.
Neffens Hylkema kamen de bewenners net folle fan it hiem en wie it mei namme Wyberen dyt altyd folle te fertellen te hie. ‘Wy kamen oan teater neat te koart’ Wyberen is yn de fersebondel de orakeljende haadpersoan en Hyke mar it publyk. Hyke moast altyd de ferhalen fan Wyberen befêstigje. Hylkema seit oer Wyberen: , Hy hie in goed ferstan. As er trochleard hie dan hie er it leafst bou-ûndernimmer wurden. Ik haw jierren nei syn dea noch wolris mei minsken praat, dyt mei him wurke hienen. It die bliken dat er samar by de baas fuortrinne koe as er it net de man iens wie oer de wize fan wurkjen. Troch de ferhalen fan Wyberen hinne, sa hearden de minsken yn e bibleteek, wie ek wat fan wredens en tagelyk skientme fan’e natuer en it minsklike aard te fernimmen. Doarpsfigueren, boerelju, minsken dyt harren lytser fielden, minsken dyt harren wat grutter fielden. Ferwûndering lilkens, bliidskip, it sit der allegear yn. De ferhalen spile yn in periode fan acht en tritich jier ferlin oan in fiif en tweintich jier werom.