It lang forwachte wachthokje stiet al in hoartje bij de autobushalte by Tsjerkwert. It is in ..lik ding, dat it lânskip net skeint, mar it kin amper in huske hjitte, hwant it is net mear as ien dak en moarre, fan ûnderen beton en fan boppen glês, mei oan beide siden in smel dwarsmuorke ta stipe en fan boppen en smel ôfdakje, dat oan beide einen hwat útstekt.
By easte of westewyn is dêr wol leite te krijjen mar by Noarde of suderwyn kinne mar amper twa minsken hwat droech stean. De folksmûle praet derom al net mear fan it Skûlplak mar fan “de ?” of “?”.
Der wurdt al oppere om de Abri ………….. mar dat sil wol net tastien wurden fan hegerein.
De reizigers nei en fan Tsjerkwert sile har wol mei “de Skûle” bihelpe moatte en de paraplu by reinich waer meinimme moatte, om droech to bliuwen, as der hwat oanrin is.
As der op oare plakken oer tocht wurdt om ek in wachthuske by in bushalte to sette, dan moatte der earst al ris skôgers nei Tsjerkwert komme om it nije ‘Abri’ to sjen dat …………. goedlik wachthuske.
(nb. de tekst wie net al te dúdelik te lezen fan dêr de stippeltsjes. Feike)
- Foar de Abri waard in jild insammele troch in “Bazar” yn ‘e skoalle. Bij G. Mulder ha se wiken lang beskút iten, dy’t hy woun hie by de Bazar!
- Yn maart 1953 binne fjouwer fan’e tolve rúten inslein mei in telefoanpeal. In skea fan 60 goune!
- Op 23 decimber hat in stoarm de Abri oan gruzeleminten slein. De Abri wie net ferseakere.