De sêfte ballenpartij

0
854

Snein 26 juny wie de sêfte ballenpartij organiseard foar elkenien fanôf 8 jier. Der wie in soad
animo foar dizze keatspartij, mar leafst 66 minsken hiene sich opjoend foar dizze altiid
gesellige partij. Dus 22 partoer stiene der op de list. Sjoerd B. Bouma wie de westriidlieder,
hy hâld de standen fan de partijen by en soargde der foar dat it de hiele dei flot ferûn.Der
wiene spannende partijen bij en 3 kear wie it sels in alles oan’e hang partij.

Nei in lange keatsdei waarden om in oere as 6 de priizen en krânsen útrikt troch de stipers
van dizze partij en dat wie de fam. Zijsling. Sy hiene flinke priispakketen, ek mede mooglik
makke troch hun molkfabryk A-ware, mei súvelprodukten en mear lekkers. Wy wolle de
stipers en ek alle frijwilligers dy’t ú holpen ha tige tankje.

Útslach winnersronde:
1’e priis Klaas Jan Haytema, Arwin Koster en Daniël de Boer
2’e priis Sven Bijlsma, Femke Boonstra en Elsa Kramer
3’e priis Ype Bote Bonnema, Willem Schakel en Tieme Lukkes

Útslach ferliezersronde:
1’e Seakle Witteveen, Janita de Jong en Petra Bekema
2’e Lucas Bijlsma, Arber Berisha en Riemer Teppema
3’e Robin Bijlsma, Lisette Kootstra en Agatha Witteven

De folgjende keatspartij stiet op tongersdei 21 en freed 22 july, in partij dy’t
ferkeatst wurdt oer 2 jûnen. Set it yn jim aginda. Oan’t dan.

In sportive groet,
K.F. De Twa Doarpen

LAAT EEN REACTIE ACHTER