Hurdridery foar bern

0
1186
wedstriid 2010 05

Woansdeitemiddei 15 desimber waard der in westriid foar bern útskreaun. Dizze westriid soe earst sneon 3 desimber holden wurden. Mar doe waard de westriid ôfseind, omdat der in felle wyn stie en it bot snijde. De omstandichheden fan 15 desimber wiene tsjin oersteld. In temperatuer boppe de 0 graden, sintsje derby en in prachtige moaie loft. It lieke wol hast maityd. It koe no wol oan gean.

wedstriid 2010 04
Skiedsrjochter Bertus Walsma.

De 4-5 jierrigen giene as earsten fan start. De earste rit gie tusen Iris Ebbendorf en Sigrid Schakel. Iris wie der net hielendal klear foar en hie it earst net yn’e holle om te riden. Mar mei wat hulp fan har heit is Iris doe oer de streep flein. Sigrid wûn de rit. Lieke Draaisma en Evelien Zaal stiene no by de start. Lieke makke in bêste start en wûn de rit. Daphne Bijlsma moast tsjin Sigrid. Dit wie in spannende rit. Trochdat Sigrid foel, har oriintaasje wat kwyt wie, fan baan wikselle en dêrtroch ekstra meters makke, stowden Sigrid en Daphne beiden op de finish ôf. Dochs wûn Sigrid op it kantsje ôf de rit.De finale gie tusken Lieke en Sigrid. Lieke wie net te berieden en wûn de rit. Utslach: 1e Lieke Draaisma, 2e Sigrid Schakel en 3e Daphne Bijlsma.

Hjirnei moasten de 6-7 jierrigen fan start. Seis famkes hiene sich hjir foar opjûn. Se makken er in moaie striid fan. Anna Galama moast tsjin Marrit Draaisma ride. De earste rit wûn Anna en de twadde rit wie kamp. Anna gie troch. Janita de Jong moast it opnimme tsjin Marly Steegstra. Dit wûn Marly 2 kear. Lieneke Schakel wûn it fan Eleanoor Zaal. Lieneke hie in steand nûmer en kaam sa yn’e finale. Har tsjinstander moast út de folgjende rit komme fan Anna en Marly. Marly wûn de earste rit. Hjir moast Anna ryklik fan bekomme en gie letter de striid wer oan mei Marly. Marly wûn de twadde rit ek. Yn’e finale ried Marly ek wer poerbêst en gie sa mei de earste priis nei hús. Utslach: 1e Marly Steegstra,2e Lieneke Schakel e 3e Anna Galama.

wedstriid 2010 06
Winnaars 6-7 jierrigen.

Yn de folgjende kategory fan 8-9 jierrigen hiene sich 6 famkes en 2 jonges opjûn. De fammen wiene hjoed goed fertsjinwurdige. Femke Lemstra en Sygnie Steegstra stiene as earsten oan’e start. Sygnie wûn dizze rit. Mandy Koenz moast it opnimmen tsjin Jimte Draaisma. Dizze twa wiene oaninoar weage. De earst rit wûn Mandy en de twadde rit wie kamp. Mandy gie troch. De tredde rit gie tusken Sjoukje de Jong en Jildert Boersma. Ek in spannende striid mei ek wer in kamprit. Omdat Sjoukje ien rit wûn gie sy troch. Kirsten Bijlsma wûn it fan Femke Galama . De finale gie tusken Mandy en Kirsten. Mandy en Kirsten riden beide tige goed en úteinlik waard Mandy earste. Utslach: 1e Mandy Koenz, 2e Kirsten Bijlsma en 3e Sygnie Steegstra.

wedstriid 2010 07
Winnaars 8-9 jierrigen.

Uteinlik mochten de 10, 11 en 12 jierrigen fan start. Die hiene sich al efkes goed los riden. Waarm ride hoegde net mei dizze temperatueren. Hjir hiene sich 5 jongens en 2 famkes opjûn. Hjir wiene spannende ritten by. Foaral Jildou Speerstra makke it tige spannend. Sy hat goed tsjinstân bean en hat wol 8 kear ride moaten.De útslach: 1e Michiel de Jong, 2e Menno Galama en 3e Jildou Speerstra.

wedstriid 2010 01

De priisútrikking wie op’e iisbaan en waard dien troch wedstriidlieder Bertus Walsma. Eltsenien waard efkes bedankt foar har/syn dielname. De winners krigen in prachtige medaille en waarden noch efkes op’e foto setten.

LAAT EEN REACTIE ACHTER
DELEN
Vorig artikelIJsbaan
Volgend artikelPrikslydzje 2010