It tal fan ynwenners takket ôf

0
938

It doarpsbelang fan Tsjerkwert hie in jiergearkomste. It besûndere fan dizze jiergearkomste is dat de gemeent tastimming jout foar it bouwen fan 4 wenten tsjinoer de kade!

Yn de LC fan 22-10-1952 lêze wy dit:

It tal fan ynwenners fan Tsjerkwert takket ôf

De foriening “Doarpsbilang Tsjerkwert en Omkriten” ûnder lieding fan ‘e foarsitter, de hear Joh Reitsma, har jiergearkomste hâlden. Der wie in lyts oerskot yn ‘e kas.

De ôfgeande bistjûrsleden, de hearen J.O.Postma , Sint Postma en B Gietema waerden alle trije wer keazen. By it rounfreegjen waerd der frege oft der net hwat oan dien wurde kin dat Tsjerkwert sa ôftakket yn ynwennertal. It bistjûr sei ta, dat it aksje fiere sil foar it bouwen fan nije wenningen.  De gemeente hat tastimming jown foar it bouwen fan fjouwer knappe nije wenten foar de kade oer. Der sil boud wurde kinne, as der hierders opjowe, dy’t f 5 ,00 of f 6,00 hier wyks jaen wollen en kinne. Op oanstean fan’e leden sei it bistjûr ta, der war foar dwaen to silen, dat de groppe foar de yngang fan ‘e harmonie sljocht makke wurdt mei it plein en de stoepe; dat de brânslangen foar it Aldhiem yn oarder brocht wurde; dat der in ôfslútbeam foar de brêge komt en in feiliger ôfdekking fan in djippe sinkput; dat de minne bifluorring fan ‘e binnebuorren forbettere wurdt en dat de einmuorkes fan it wachthúske hwat forbrede en skjinmakke wurde.

p.s. Der binne fêst gjin animo wêst foar de wenten, se binne der alteast nea kommen. Blikber wie dêr gjin ôfslútbeam foar de brêge.

LAAT EEN REACTIE ACHTER