K.F. De Twa Doarpen organiseert op snein 25 maaie de earste ledenpartij fan it jier!

0
52

It belooft in middei fol aksje, geselligens en sportiviteit te wurden. Elkenien fan 14 jier en âlder (op 1 jannewaris 2025) kin meidwaan, ferdield yn A-, B- en frouljusklasses.

De wedstriid wurdt organisearre foar leden dy’t op 1 jannewaris 2025 minimaal 14 jier âld binne. Oanmelden kin oant tongersdei 22 maaie om 20.00 oere. De ynlis is €3,- en dielname is op eigen risiko.

Wannear: Snein 25 maaie
Starttiid: 12.30 oere
Foar wa: Leden fan 14 jier en âlder
Kosten: €3,-

De partij wurdt stipe troch Auke, Bert Jan en Seakle.
Wy hoopje op in protte dielname en in gesellige, sportive dei!

Mei sportive groet,
It bestjoer fan K.F. De Twa Doarpen
Michiel de Jong, Elske van der Meulen, Hidde Lemstra, Ids Walsma, Femke Boonstra, Thomas Huitema en Ype Bote Bonnema

LAAT EEN REACTIE ACHTER