Skieppesturt 1985: Janny en Jelly

0
1002
2 skieppesturten

Tsjerkwert – De rottefanger fan Hamelen kin eartiids safolle sukses net hân ha as de 11 muzikanten dy’t der nijjiersjûn yn slaggen de Tsjerkwerter Skieppesturten goed los en fan `e flier te krijen. Yn optocht setten hja de kjeld yn om mei harren meislepende muzyk de minsken nei it doarpshûs te lokjen. Dat slagge. Jong en âld wie presint. Alle yngrediënten foar in gesellige jûn wiene oanwêzich.

Wylst de net wurch te krijen muzikanten harren der springend, hingjend, krûpend, knibbeljend en sels lizzend foar spanden. waard der op it nijejier klonken. Hichtepunt fin dizzejûn wie de ûtrikking fan de Skieppesturt”. De redaksje fan `e doarpskrante it Skieppesturtsje”  betinkt elts jier dy persoan mei in wiere skieppesturt, dy’t it measte foar doarp en mienskip ut e wei setten hat, De ut 5 “man” besteande redaksje utdost yn sniewite skieppefellen fan Van Buren” hie dit jier lykwols in ekstra sturtsje ûnder de swarte hege hoed ferstoppe. It gyng dit jier nammentlik om twa persoanen. Foar it earst inkeld en alline besteande ut froulju: Jelly de Haan en Janny Poelstra. En dat nei 8 jier! Dizze, beide froulju hiene in opfallend oerienkommonde list, fan fertsjiinsten. Se ha beide in protte tiid stutsen yn it oprjochtsjen en yn in stan halden fan peuterseal “It Pjuttehonk”: beide ha se in soad wurk dien foar de sneinskoale it binne beide ehbo’ers De lene is ek noch tonielspyster en bestjoerslid fan Doarpsbelang. En wat se noch mear oerien ha is dat se allebeide Tsjerkwerter of wurde.

We sille der mar net ut gean dat it wenst wurdt dat “de Skieppetsturt fan it jier” Tsjerkwert de rech takeart. In doarp kin perfoarst net bûten sokke minsken R.Sp.

Op de foto zien we links Jelly de Haan en rechts Janny Poelstra.

LAAT EEN REACTIE ACHTER