Sylhûetten ferivige yn skoalle

0
614
Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Fjirtjin Tsjerkwerters binne op de foto set foar in Alvestêdekeunstwurk by harren doarp. It wurk Fyftjin en fierder bestiet út sylhûetten fan stiel.

Fan alle fyftjin Alvestêdetochten komt der in sylhûet fan waarfêst stiel yn de styl fan it jier dat dy hâlden is. It fyftjinde sylhûet is dy fan Kening Willem-Alexander en dêr hie keunstner Pieter Jan Stallen al in foto fan.

De Tsjerkwerters binne ûnder oaren delset as barones of ryksplysjeman. Doede Wijngaarden stie snein as parsefotograaf model mei bûntmûtse en lammy coat.

“It is wol leuk dat ik ferivige wurd”, fynt de Tsjerkwerter. “Myn pakesizzers wenje hjir allegearre. As dy dan letter oer de Trekdyk fytse en ik bin al lang dea, dan kinne sy sizze: sjoch, dêr stiet dy âlde ek!”

De sylhûetten wurde de kommende moannen útsnien yn stiel en ein dit jier komme se by Tsjerkwert te stean. De ûntbleating fan it keunstwurk kin dan, al of net mei de Kening derby, begjin takom jier wêze.

Foar de orizjinele tekst en it filmke sjoch op de side fan Omrop Fryslân.

LAAT EEN REACTIE ACHTER