Tsjerkwert hat nou in “Agendabureau”

0
896

Tsjerkwert hat sûnt in pear jier de M.A.T. (Maand Agenda Tsjerkwert) wer’t al de activiteiten yn it doarp stean. Sa’n idee hie it Doarpsbelang yn 1952 ek al. Alle útfieringen en alle wyklikse gearkomsten moasten meielkoar fêststelt wurde, sadat der gjin twa útfieringen wiene yn ien wike.

LC 14-11-1952

Tsjerkwert hat nou in “Agendabureau”
Op ‘e lêste gearkomste fan ‘e foriening “Doarpsbilang Tsjerkwert eo” wie it idee oan de hân dien om in “agenda bureau”yn to rjochtsjen, dêr’t alle forienings fan it doarp har ynskriuwe litte kinne. Har plannen opjaen en dy fan oare forienigs gewaer wurde kinne om foar to kommen, dat twa forienings.

Op ‘e selde joun of yn ‘e selde wike in greate gearkomste hâlde. It deistich bistjûr hie Woansdeitojoun mei ôffurdigen fan forskate forienings en organisaties út it doarp in gearkomste yn ‘e Harmonie om dizze saek op poaten to setten. Der is bisletten dat de skriuwer fan ‘e foriening de hear R.Visser, dit “Agenda Bureau”forsoargje sil. Der is in list oanlein fan 24 forienings of ôfdielingen fan organisasies en in skema opmakke fan ‘e gewoane en bûtengewoane gearkomsten fan ‘e winter.

Alle jierren sil der yn it begjin fan Oktober in gearkomste bilein wurde fan ôffurdigen fan alle forienings yn it doarp om de winterplannen meielkoar to bisprekken. Forienings dy’t noch net ynskreaun steane kinne har noch opjaen.

LC 5-12-1953

Doarpsforienings fan Tsjerkwert koördinearje winterwurk
It agendabureau fan ‘e foriening “Doarpsbilang Tsjerkwert en omkriten” hie trije en tweintich pleatselike forienings, ôfdielings en ploegen oanskreaun, in ôffurdige to stjûren nei in gearkomste yn ‘e Harmonie om it meielkoar iens to wurden oer de fêststelling fan ‘e gearkomsten, feestjounen en sa. Tsien forienings hienne in ôffurdige stjûrd nei dizze gearkomste, dy’t ûnder lieding stie fan ‘e foarsitter fan’e foariening “Doarpsbilang” de hear Joh. Reitsma.

It die bliken, dat de famkesforiening “Margriet” en de ôfdieling fan ‘e P.V.D.A. yn ‘e sliep rekke wiene, mar dat de oare forienings al hoe krap oft se soms by kas binne, doch har pannen foar de winter hiene, dy’t optekene binne fan é hear H. Dj de Jong, skriuwer fan ‘e foriening “Doarpsbilang” en hâlder fan it agendabureau Yn ‘e midden fan elke moanne (mei ‘t each op ljochtmoanne) sil der in bisûndere gearkomste of feestjoun wêze.

De foriening “Doarpsbilang” is fan doel om yn meiwurking fan oare forienings, dy’t dêroer noch in bislút nimme moate, op Tongerdei 21 Jannewaris 1954, in filmjoun to hâlden, foarsoarge fan’e VVV-filmtsjiinst fan’e Provinsjale Fryske Foriening foar Frjemdeforkear. De direkteur dêrfan, de hear P.G.Bins sil dan in yniedend praetsje hâlde oer it toerisma yn Fryslân en de VVV.

LC 12-10-1954

Tsjerkwerters stelden har winterprogramma fêst
It agendabureau fan ‘e foriening “Doarpsbilang e.o.” hie de bistjûren fan alle forienings yn it doarp útnoege, in gearkomste by to wenjen foar it fêststellen fan it winterprogramma. Mar twa forienings (t.w. De muzykforiening “Eensgezindheid” en de krite “De Findels Foar”) hiene in ôffurdige stjûrd. De oare forienings hien mounling har plannen foar de winter oan ‘e skriuwer fan “Doarpsbilang” bikend makke, of neat fan har heare litten. De opjowne plannen binne sa “útsmard” dat der elke moanne hwat te rêdden is. De wikelikse jounen binnen ûnforoare bleaun.

LAAT EEN REACTIE ACHTER