Tsjerkwert in doarp oan ‘e feart

0
879

Geschreven door Wisse Postma. 

Ik wenje yn Tsjerkwert in doarp oan ‘e feart.

‘t is mar in lyts plakje groun.

In skoalle, hwat huzen in tsjerke in toer,

Dochs is myn hert hjir ferboun.

——————

Leafde en leed gean ek hjir hân yn hân,

Minsken dy’t komme en gean.

‘t libben feroaret, de tiid flocht foarby.

Mar Tsjerkwert bliuwt dochs bestean.

——————–

Refrein

Tsjerkwert myn doarpke myn hert is by dy,

Mocht ik dy ea ferlitte.

Fier fan dyn greiden, dyn hynders en ky,

‘k sil dy dochs nea ferlitte.

‘t Plak dêr’t wy altiid boarten as bern.

Tsjerkwert myn doarp, wêr’t lot my ek fiert,

Dy sil ik nea ferjitte.

LAAT EEN REACTIE ACHTER