Brune fûgel tusken de kij

0
1018
Fugel

Op de foto Pier Burghgraef mei de fûgel. K 28-8-76. Boer Feenstra fan Jousterp ûnder Tsjerkwert die lêstendeis wol in hiel bisûndere gewaerwurding. Hy foun tusken syn keppel kij in greate brune fûgel. lt bist koe amper mear op eigen poaten stean, en fan fuortfleanen kaem alhielendal neat mear. Sadwaende wie it fansels gjin poepetoer om it dier to fangen. It slim meagere bist waerd troch de hear Feenstra nei syn buorman boer Pier Burghgraef brocht. Nei t de beide mannen it fûgelboek rieplachte hiene, waerd fêststeld dat it in wyfke fan de ”Bruine kiekendief”  wie.

De hear Burghgraef bisleat it bist wer hwat op forhael komme to litten. De fûgel kaem dêrfoar yn in net al to great hok om eventuele skea oan de flerken foar to kommen.
De bern waerden der op út stjûrd om frosken to fangen en it duorre net sa mâlle lang of ,,de kiekendief’’ siet al oan syn earste miel. Letter waerd in kou-hert by de needslachter to Tsjerkwert helle en dat gie ek wakkere rimpen troch de fûgelkiel. Om de fûgel op to weizjen waerd alle dagen mei in brûkte peniciline spuit in aei nei binnen spuite. Op deselde wize waerd ek wetter nei binnen brocht. Noch ien in pear dagen letter hie it bist al gâns mear to keap. ,ik mei de wanten nou wol oan ha, as ik har iten jow sokke skerpe neils hat se, fortelde de hear Burghgraef.Underwilens is de fûgel mei in meter flerkbreedte wer loslitten. Yn e buert fan Tsjerkwert is nei t men ús to witten die noch in eksemplaer opmurken.

LAAT EEN REACTIE ACHTER