Tsjerkwert-Hartwert 1-1

0
722

TSJERKWERT- HARTWERT – 1-1 “Nou mar los mannen” wie it oardiel fan de measte spilers tongersdeitojoun op de Tsjerkwerter matte, doe’t de lytse wizer de sawn al êfter de rêch hie.

Lokkich wie de skiedsrjochter dit ek fan doel en dat wie ek mar goed hwant sommige jeugdiche supporters kaemmen sadannich yn t gewear dat it inkele spilers irritearden omdat oarloch op it fuotbalfjild keard wurde moat (oeral trouuens) waerd it heech tiid dat der fuotballe waerd. Hartwert dat nochal hwat mei pessimistyske tinzen nei Tjerkwert tein wie se spylje simmerjoun fuotbal) krige de 1e helte de bêste kánzen, mar twa kear rêst in pear kear goed keeperswurh fan Meine fan der Wal ferkaemen de begearde foarsprong. Mar tochsawat op de helt fan de 1e helt wie it raek doet Piter Brameijer sahwat by de middenline wei in  foarset joech die ‘t troch it effekt yn ienkear oer de forbluffende keeper yn de gapjende goal stouwde. Noch fûleindicher foel Tsjerkwert hjirnei oan en flak foar de thé wie it Jan
Blanksma die’t de bal oer de nei de loft útgestrekte Wiebe de Jong hinne lobte. Net de thé, diet elk goed dien hie, kaem sawol Tsjerkwert as Hartwert mei in ynfaller. Allebeide ploegen gongen nou stroef op de oanfal spyljen hwat meibrocht dat de skiedsrjochter der in pear kear glêd oan wie omdat it nou ek hwat hurder waerd.  Hy bleauw winliken wol baes fan sul mar brocht wol mei dat as hy begong to fluitsjen, de spilers begongen to praetten. Libbensgreate kânzen diene sich net mear foar alhoewol it dêrom net minder oantrekkelyk foar’t publyk waerd hwant de bal bleau flot op en del gean. Doet de skiedsrjochter foar de lêste kear floite stoun it dan ek noch 1-1. In twadde wedstriid sil, as Tsjerkwert de tiid der foar hat, fan’t simmer spyle wurde.

Boalserter Krante 19-5-1978

LAAT EEN REACTIE ACHTER