Ús Tsjerkwerter feestliet

0
877

Tsjerkwert 1945
S.S. de Jong Dzn.
Útjefte fan´e feestkommisje te Tsjerkwert.
Wize: “Voor Neerland een lied op een krachtige toon.

Hoera! ‘t Is hjoed feest en hiel Tsjerkwert docht mei
It is foar it doarp in echt feestlike dei.
Gjinien bliuwt no thús, want in elk is sa bliid:

Der komt, nou in frijere en bettere tiid.
Frij is ús doarpke de frij ús lân.
No knypt net langer in twingende bân.
De oermacht is brutsen, it lân is ûntset.

Wat noflik en rom is it us no om’t hert!

De feestklanken klinke oer ús doarp en ús gea,
Wy hawwe ferlet fan bliid sjongen as nea.
Wy hawwe allegearre dy blidens ferstien
En fiel yn dy blidens ús allegearre ien.
Bliid binn’de greaten en bliid binn’de bern
Dat is ek skoan oan elks troanje te sjen.

Gjin bangens binearet ús langer it hert;

Dat wurdt fan’e bliidskip yn gloede no set.

Wat ús ek yn tinken en dwaan ûnderskiet
Wy fine elkoar doch wer yn leed en fertriet.
Wy fiele ús sa boun troch in wûndere bân
As lju fan ien doarp, fan ien gea, fan ien lân.
Ien ús te fielen yn need en yn goed.
Dat docht ùs allegearre ynderlik goed.
Ienriedigens no ek yn freugd, wille en fleur,
Dy uterje wy no yn klank en yn kleur.

LAAT EEN REACTIE ACHTER