Net fier fan Parregea

0
911

Geschreven door LC 11-2-1963.

Net fier fan Parregea, oan de oare kant de feart en healwei Tsjerkwert leit

DEDZJUM
In foech kertier fan Parregea.
Fan Tsjerkwert ôf in ûre.
En’t lit him dochs fan Tsjerkwert út
Bipreekje  bistjûre.
Hoe ‘t dit sa is? Ik wit net,
Mar mooglik ha’k hjir mei ret:
Fan Dedzjum út is Tsjerkwerts lân
Droechmakke en oanboud en de bân
Dy’t d’ âlde Dedzjumers forboun
Mei hwa ‘t der op dy nije groun
Har brea en wolfeart sike ha,
Dy blau bistean oant diz’tiid ta.

Aardich te sjen, dat der destiids wat de distânsje oanbelange gjin sprake wie fan kilometers, mar fan oeren en kertieren Wy ha se noch wol sjoen dy hânwizers (ja nei in “echte” hân mei in útstekkende en oanwizende houten finger) dêr’t de plak namme op stie en dan ,”Een uur” yn gefal as it oanwiisde doarp in kilometer as 5 fierder lei. Oft de bân Tierkwert-Dedzum yndie sa ûnstien is? Oer dat lânoanmeitsjen fertelt ek it folgkende fers, alwer fan in ûnbekende dichter, dy’t wol aardich mei  de saak op ‘e hichte is en goed rymkje kin.

LAAT EEN REACTIE ACHTER