Tige slagge kofjekonsert Eensgezindheid!

0
927

It is sneitemoarn 24 april 2022; it fernijde Waltahús streamt fol!

Nei útstel gjin ôfstel: It earste optreden yn it Jubileum jier fan Eensgezindheid! De kofje is op en de leden fan de XL groep sette útein. Sa’n 3 jier lyn hat in groep folwoeksenen út de omkriten kennis makke mei – foar harren – in nij ynstrumint, les krigen, hurd wurke om hjir no foar publyk te spyljen! Prachtich om te hearren, hokker ûntwikkeling der plak fûn hat! Sels in goeie slachwurker ûntbrekt net yn it gehiel fan de XL groep!

Dan mei Eensgezindheid oantrede; en iepenje mei Evening Rise in spiritueel stik. De stikken binne ôfwikseljend en tagonklik foar publyk; seker mei de sjongeres Marije Wijnja dy’t adhoc ynflein is! In moaie waarme stim dy’ House for Sale en letter Hoop sjongt.

Healwei it programma nimt foarsitter Brenda Drayer it wurd en wol om in hiele spesjale reden! Der binne 6 jubilarissen: Evert en Foekje 4️⃣0️⃣jier en Theo (ôfwêzich) Thea, Aly en Beitske-Foekje 2️⃣5️⃣ jier! In oarkonde + spjelde/hanger foar Evert en Foekje en foar de oaren ek in bliuwend oantinken en fansels blommen!💐 Litte we hoopje dat we noch lang fan harren ynbring geniete meie!

Nei dit yntermezzo ferfolgje wij ús programma mei noch mear flotte muzyk as Coup Corona, Coldplay en as slútstik út de âlde doaze: de Bayersche Polka mei as solist trombonist Roelof Bakker; doarpsgenoat en goeie muzikant! Wat prachtich om sa ôf te sluten; hulde oan harren dy’t dizze moarn mooglik makke ha, mei yn’t bysûnder ús altyd wer entûsjaste, ynspirearjende opbouwende diriginte: Jeanette Valkema!

Tekst: Jikke Sterkenburgh-Overal | Foto’s: Martine Sikma

LAAT EEN REACTIE ACHTER