Ferslach Jûnspartij – fjouwer listen Waltahûs Partij

0
72

Mei tritich keatsers ferdield oer fjouwer listen en twa spyldagen stie der in prachtige jûnspartij op it programma, sponsore troch it Waltahûs. Nettsjinsteande dat it waar him beide jûnen fan syn grillige kant sjen liet, waard der fûl, sportyf en mei sichtber wille striden om elk earst.

Tongersdeitejûn – In wiet begjin, in spannende ôfrin

De earste list smiet fuortendaliks in bysûnder momint op: de bruorren Walsma kamen foar it earst it fjild op mei harren nije want. Dat it materiaal harren goed befoel, die al gau bliken. Auke besliste harren iepeningspartij op 5 -3 6 -6 mei in prachtige boppeslach. Amper inkelde minuten letter die broer Ids itselde: ek hy sloech op 5 -3 6 -6 de bal boppe foar de winst. In moaier begjin mei in nije want kinst dy amper winskje!

De partij tusken de partoeren fan Klaas Jan en Sven waard in wiere thriller. Pas op 5 -5 6 -6 foel it beslút, doe’t Elske de keats krékt net koe passearre.

Hoewol’t de jûn begûn yn ‘e rein, klearre it geandewei op en waard der hieltyd better keatst. Dat die ek bliken yn de twadde partij, dêr’t Klaas Sjoerd en Ids in riante 5 -0 foarsprong net fersulverje koene. Klaas Jan en Hidde knokten harren werom yn de wedstriid en lutsen op 5 -5 6 -2 dochs de winst nei harren ta.

Freedtejûn – Rein, ferrassingen en striid om de krâns

De freed begûn drûch, mar dat duorre net sa lang. Al gau kaam de rein mei bakken út de loft. De partoeren fan Seakle en Hidde wiene gelokkich rap klear en hiene amper lêst fan de buien. Dochs sil benammen Seakle baald ha: nei syn twa oerwinningen op tongersdei like in kâns op in krâns yn it fersjit te lizzen, mar dy hoop spielde letterlik fuort.

Mar Mark hie dizze jûn wol in fleanende start. Op syn nije fuotbalskuon makke er net in soad flaters en dreau er Arber foar yn it perk ta wanhoop!

Foarôfgeand oan de fjirde list wiene der noch fiif serieuze kânshawwers foar de krâns: sy hiene oant dan ta al harren partijen wûn. Yn it streekrjochte duel tusken Wytske en Thomas waard lykwols gau dúdlik dat Thomas dizze lêste partij net yn syn ritme kaam. Syn partoer ferlear mei 5 -1 6 -6, wêrtroch hy ôffoel yn de striid om de krâns.

Klaas Jan en Hidde wisten beide ek harren partijen te winnen, mar sammelen mear tsjinearsten as Wytske, dy’t dêrmei de krâns en de wikseltrofee yn ûntfangst nimme mocht!

Einstân

  1. Wytske Runia (28 -8)
  2. Hidde Lemstra (28 -11)
  3. Klaas Jan Haytema (28 -18)
  4. Klaas Sjoerd Koopmans (26 -13)
  5. Aggie Walsma (25 -15)
  6. Arber Berisha (23 -13)

Priisútrikking yn it Waltahûs

Nei ôfrin fan it keatsen ferpleatste it selskip him nei it Waltahûs, dêr’t de priisútrikking plakfûn. Klaas Boersma, foarsitter fan de Stichting, en Michiel de Jong, foarsitter fan de keatsferiening, rikten de prizen út oan de priiswinners. De barfrijwilligers Jan en Riemkje draaiden in topjûn achter de bar en hiene it smoardrok! It bleau noch lang gesellich yn it doarpshûs, krektlyk as in echte jûnspartij heart te einigjen!

LAAT EEN REACTIE ACHTER