Skieppesturt 1984: Hein en Akke Gietema

0
1527
skieppesturt 84

Tsjerkwert – Hein en Akke Gietema van Wieren binne troch de redaksje fan ‘t doarpsblédsje it Skieppesturtsje útroppen ta man en frou fan it Jier 1964. ‘t wie de achtste jier dat der in skieppesturtsje mei oarkonde útrikt waard, Dyjinge, dy’t him of har tige foar it doarp en de mienskip ynset, komt foar de ûnderskieding yn oanmerking. Hein hie krekt ôfskie nommen as bestjoerslid fan Doarpsbelang (nei 23 jier), blaast de mei faasje yn Eensgezindheid, is starter fan de iisferiening, keatst noch as in jongkeardel en is warber yn’t tsjerkewurk as tsjerkfâd.
Akke hat bergen wurk ferset yn it skoalbestjoer, is lid fan it bestjoer fan it Waltahûas(as ienichste frou tusken seis mânlju) en is tige warber yn ‘e pleatslike ôfdieling fan ‘e EHBO. Akke waard beneamd ta bêste liedster fan hiel  Fryslân. It wie aan Hein en Akke ta sjen dat se wiis wiene mei dizze fertsjinne ûnderskieding. Alle Tsjerkwerters binne ûndertusken dwaande om Skieppesturt 1985 te wurden.

BN 30-1-1985

LAAT EEN REACTIE ACHTER