Ode oan Tsjerkwert

0
950

As men rydt fanút Bolsert,
En men wol nei Warkum ta,
Sjocht men lofts ‘ n hiel lyts doarpke
Ryd net to hurd, men is der sa.

Froeger lei dr in pracht wipbrêge,
Dy die jin tinke oan alear,
Doe ‘t noch ‘ t moterboat “Johanne”
En mannich turfskip der troch fear.

It leit der no sa stil en fredich,
Om har tige spitse tsjerketoer,
En leidt de klok om 8 en 12,
Heart men dat fier de grieden oer!

Ja, en ek yn ‘d omkriten,
Ymswâlde, Beabuorren, Rytsjeterp,
Yn Jonkershûzen, Arkum , Dedzjum,
Heart men ‘t klokkelûd noch skerp.

En kreaze, deiske en sneiske wenten,
Mei lofts de bliere wite Pastorij,
Stean fergarre om har tsjerke,
Allinne “De SYL” stiet er kearsrjocht by.

Sa is it dat, mar’t uterlik oansicht,
Sa’t in fremdling’t fan fieren seach,
En yn de simmer yn grien en sinne,
Is’t hast’n mearke foar it each.

Dochs foar dy’t der alear is berne,
Der seach foar earst’t libbensljocht,
Der boarte, skoalroun, reedried, leaf kriich,
Dy sjocht’t oars, ha’k sa tocht.

Defoar is’t doaprke út myn tinzen
My suver bleaun ast’âlde nêst,
Dêr’t elts ek altyd elts weardearre,
Dêr’t men mei nimmen hie mot of lêst.

En Gerrit stie trou op de brêge,
En âlde Durk, ( mei’t wite burd),
Dan Rein fan Akke, mei noch oaren,
Elts rôp Jou ta har wolkomst wurd!

Kaam men doch wer ris oar dy brêge,
Dan fielde elts, him daliks thûs.
Ja,hulde beting’w’oan it doarpke Tsjerkwert
En oan ús eigen âlderhûs.

LAAT EEN REACTIE ACHTER
DELEN
Vorig artikelTsjoenderij
Volgend artikelNeusje van de zalm