Tige slagge riderij op ’t Thialf

0
1049
DSC00187.JPG

Om de jeugd oan it riden te krijen hat de iisklup besletten dizze winter op snein-te-moarn mei de jeugd trije kear te  reedriden yn ’t Thialf op It Hearrenfean. Ek leden fanôf 16 jier bin hjir foar útnoege. Foar de jeugd oant-te-mei 15 jier is de entree fergees. Dit is te tanken oan Wynkrêft 10, dy de entreejilden foar de jeugd folslein foar har rekken nimt. Leden fanôf 16 jier betelje 7 euro per kear.

Fannemoarn wie de earste fan de trije kear. Rûn 9.15 oere gie in grutte stoet auto’s rjochting ’t Hearrenfean. De opkomst wie goed mear as fjirtich Tsjerkwerters genoaten fan de iisflier yn it Thialf. Ek wie der soarge foar sûkelarjemôlke en koeke. Efkes nei tolven ferlieten wy de iistempel en giene wy rjochting Tsjerkwert. In tige slagge moarn!

Op snein 19 en 26 febrewaris sil der wer riden wurde. Wolle jo/jim mei? Skilje of mail dan úterlik de freedtejûns foar de betreffende snein nei Boukje, har mail is sjoerdboukje@hotmail.com en it tillefoannummer is 0515-336449.

LAAT EEN REACTIE ACHTER