Tsjerkwerter wennet al 66 jier yn Kanada

0
1111
canada_1.jpg

Omrop Fryslân dielt op ynternet in fideo mei âld Tsjerkwerter George Zwaagstra. Jo kinne dizze fideo fine troch op ‘e link yn dit berjocht te klikken. Boarne: Omrop Fryslân

Yn Kanada fiere se dit jier it 150-jierrich bestean fan it lân. Yn 1867 waarden de twa Kanadeeske dielen gearbrocht ta ien lân. De Kanadeeske telefyzje besteget dêr dit jier in soad omtinken oan, en ynterviewt minsken dy’t Kanada as har wiere thús beskôgje. Ien fan harren is George Zwaagstra fan Tsjerkwert. Hy kaam yn 1951 oan yn Kanada, nei’t syn broer him fertelde oer in lân dat oerrint fan de molke en de huning. Hy troude, krige bern en jout no rûnliedingen yn it emigraasjemuseum Pier 21. Op dat plak kamen tûzenen Friezen lykas Zwaagstra it lân yn.

De fideo is te finen fia de fôlgjende link:

http://www.omropfryslan.nl/nijs/729325-fideo-tsjerkwerter-wennet-al-66-jier-yn-kanada

LAAT EEN REACTIE ACHTER