Beabuorster mole 100 jaar

0
474
NR385

TJERKWERD – Hieronder vindt u zeer lezenswaardig verhaal over de aanstaande dinsdag (21 april 1982) precies honderdjarige Beabuorster mole, die vlak buiten Bolsward rechts van de weg naar Workum staat. De schrijver van het verhaal, de heer Pier Zijsling, geeft naast een groot aantal feiten uit de eigenlijke molen een breedvoerige uiteenzetting over de strijd tegen het water, de waterschappen en de mensen die de molen beheerden. De nodige humor ontbreekt evenmin. Het verhaal stond eerder afgedrukt in ‘t Skiepesturtsje.

Op 21 april 1982 wie it op ‘e dei ôf hûndert jier lyn, dat it bouwen fan de Beabuorster mole gund waard oan molebouwer Gerben van Wieren út Janum. It hûndert-jierrich bestean fan de mole is einliks mar in koart haadstik út in lang ferhaal. In ferhaal, dat al begûn tagelyk mei de jiertelling en dat we it bêste neame kinne: ,,Fryslâns striid tsjin it wetter.”

Yn dy tijd, doe’t de earste Friezen har hjir nei wenjen setten, lei it grutste stik Fryslân noch foar de see, sa as se dat neamden. De heechste plakken, ek wol kwelders neamd, koene allinne mar bewenne wurde. It seewetter dat faak ôfhinklik fan de wyn, slinkefoarmend it lân ynkaam, brocht de minsken der ta harren wenstee op te heegjen. Troch it opheegjen mei grûn, dong fan it fee en oar ôffal, ûtsein plastic pûden fansels, prebearre men sa lang mooglik boppe it seewetter te bliuwen. Nei de sa ûntstiene terpen, makke men ophege paden (wieren) om’t, wannear as de hjerststoarmen kamen, men it fee sa lang mooglik op ‘e terp krije koe. It sil in lette boer ek wolris ûntkomt wéze, sadat der in pear fersûpten, of ien dy’t dochs te min hea hie en dat sadwaande net folle skele koe. Ien ding is wis: as der yn dy tiid K.I. west hie, soe de bolle dy’t it bèste swimme koe, grif de measte plussen krige hawwe.

De terpen waarden faak aloan grutter, sadat der doarpen op ûntstiene. Mar om-en-de-by it jier 1000 begûn men mear mei it meitsjen fan diken fan de iene terp nei de oare; It earste begjin fan ynpolderjen. Wêr’t san dyk dan in slinke krúste waard in útwetteringsslûs (of syl) makke, dy’t by floed ticht kaam. Troch it (hieltyd) langer meitsjen fan dizze diken, binne letter de binnediken ûntstien (himdyk, slachtedyk). Hjirnei is men begûn de see dêr te kearen, wêr’t hy it lân ynkaam; de earste seediken, faak gebrekkich, waarden makke.

It is amper foar te stellen, dat de minsken al dy terpen, binnediken, slieper-seediken, mei it ark fan doe, makke hawwe. De skeppe, yn it begjin de draagbaar (burde) en letter de kroade, wie it iennichst ark wat hja hiene. Nee, it gyng al justjes oars as no mei de ,,Atlas 1702″ fan Ule Haarsma.

Mar hoe mear seediken as der kamen, hoe mear ûnienichheid (rûzje). Op it iene plak moasten de boeren de seediken ûnderhâlde, wêr’t har lân oan grinze, op oare plakken die men dit per doarp of gritenij. Foaral tusken de ,,binnendikers” en de ,,bûtendikers”, dit wiene de minsken dy’t oan wjerskanten fan de binnedyk (slachte) wennen – dy’t fan de Kliuw nei Easterbierrum rûn – wie’t altyd heibel. Wat koene dy ,,binnedikers” dy seedyk skele, se sieten feilich efter harren slachtedyk. Lang om lêst ferhipten se it allegearre te beteljen en te ûnderhâlden en rekke de seedyk gâns yn ferfal. By elke stoarm wie it wer raak. Sa wiene der yn de 13e ieu: 20 floeden; yn de 14e ieu: 8; de 15e ieu: 15 en yn de 16e ieu: 20 floeden, dy’t dwers troch de seediken hinne giene. Doe’t yn 1570 de ,,Alderheljenfloed” tasloech, like it mâl: jo koene wol skean-oer wynsurfe fan Lemmer nei Harns. No wie it yn dy 16e ieu oars ek net sa rêstich; want doe’t yn de earste helte fan dizze ieu Grutte Pier wat (úttjirge wie, duorre it net sa lang as Alva kaam hjir yn 1567 mei 10.000 man. Alva kaam wol út Spanje, mar wie no bepaald gjin,,Goed Heilig man.” Hy rûn mei in listke yn ‘e bûse en dêrop stiene Prins Willem Egmond en Hoorne boppe oan. Doe’t Alva hearde fan de oerstreamingen yn Fryslân, makke hy Kolonel Caspar de Robles gouverneur oer gewest Fryslân. Doe’t it wetter wer wat ôfsakke wie, pakte dizze man alles tagelyk oan; liet ferskate kanalen grave en ferparte de stikkene seedyk yn 11 parten en sette op elk part 300 man oan ‘t wurk. It reinde protesten en âlde akten; de boeren ferhipten it om foar dy Spanjoal te arbeidzjen. Mar de Kolonel joech nearne om, sette 7 galgen op ‘e seedyk en sei: ,,No ien fan beiden: dykje of hingje”. Doe wiene se frij gau út ‘e rie en yn in goed jier tiid wie alles wer ynoarder.

Fuort by Harns waard letter in tinkstien op ‘e seedyk setten. In byld mei twa hollen ,,de Stiennen Man” Ien antlit nel it Noarden, de oare nei It Suden; dêrûnder stiet ,,Terminus” (grinsbeskermer, it einpunt).

Mar it siet de Spanjaarden nei mei, want wylst Piet Hein yn de ,,appeltjes van oranje” omreage, gyng de see al ridlik gau oer Casper syn seedyk te set. De Fryske modderkluten wiene sa hurd net as de stienklompen fan de Costa Brava en in Noardwester stoarm jage it wetter op ‘e nij oer en troch de dyk. Letter yn de gouden ieu waard de seedyk beskerme mei 6 meter lange peallen; heal Fryslân omtrint omsluten troch seepeallen. Mar doe’t de lytse en tagelyk de grutste fijân fan de Fryske seewearing ,,de paalworm” hjir oan begûn te fretten, wie ek dit grutte en djoere kerwei foar neat west.     De grutte floed fan 1825 knapte de peallen by rigels tagelyk ôf; jage de hiele Sûdwesthoeke fol wetter, sadat de boeren út de marren mei har fee, yn ‘e nacht in hinnekommen sykje moasten op de tsjerkhôven fan Ferwâlde, Gaast en Piaam. Doe’t ek de slachtedyk it bejaan woe, waard yn Lytsewierrum dy nachts de klok lieden. Mei man en macht koe sa Hennaarderadiel noch krekt foar de floed bewarre bliuwe. Doe’t nei dizze floed besluten waard de seedyk mei basalt te bekleien, koe men einliks sizze, dat we hjir feilich foar de see wiene. No hie men yntiid yn it lân efter de seedyk ek net stilsitten; der wiene lytse en grutte polders foarme. Men moast yn dy polders mear en mear tsjin it reinwetter yn ‘e slach, dat foarhinne mei it seewetter ferrûn, mar no opsluten siet. Der wie in boezem foarme, dy’t bestie út fearten, kanalen, puollen en maren. De earste molens, faak gebrékkich yn it lêst fan de 17 ieu bout, koene it polderwetter (krite of binnewetter) yn dizze boezem (bûtewétter) mealle. Fanút dizze boezem gyng it wetter, as it tij en de wyn dat taliet, fia sluzen de see yn. It wetterskip ,,Exmorra”, wêr’t de Béabuorster mole yn thûs heard, is ûntstien út de polder de Exmoarsterhim. Dizze ,,him” waard fan ‘t Suden en Westen begrinze troch in himdyk, dy’t fân Tsjerkwerdersyl (PEB hokje) nei Exmoarstersyl rûn, (letter foar in part weiwurden mei it graven fan it van Panhuyskanaal yn1877. De Noardkant grinze oan de Skraarderhim en it Easten rûn langs de Boalsertertrekfeart, fan âlds in útrinner fan de Marne.

De Exmoarsterhim waard bemeald troch ferskate wettermolens lyts en grut, eigendom fan boeren of kombinaasjes fan boeren. Fryslân telde yn 1811 sa’n 2445 molen, werfan 806 mei in skeprêd. Hjirfan stiene 222 yn Wûnseradiel. Hieltyd mear fan dizze molen rekken yn ferfal, ek al omdat de hier-boer se faak oernimme moasten en de 19e ieu wie no just gjin gouden ieu. Op mear en mear plakken gyng men oer ta it oprjochtsjen fan in wetterskip, mei ien of twa grutte molen.

Sa begint dan ek It ferhaal fan it wetterskip ,,Exmorra” en dêrmei It ferhaal fan de ,,Beabuorster mole” op it earste blêd fan it notuleboek:

In den Jare Eenduizend achthondert. negen en zeventig der vier en twintigsten Februarij des voormiddags tien uren Companeerden in het ,,hof van Holland” te Bolsward volgens advertentieën in den Bolswardsche Courant de Eigenaren van gronden gelegen binnen de begrenzing ensf. ensf.

In dizze fergadering waard as foarlopich bestjoer keazen: de heren J. Binkes, R.H. Zijsling, P. de Jong, H. Boersma en Y. Galama. De eerste stappen dy’t dien waarden, wiene: de âlde boerermolens oernimme En ôfbrekke en it stichtsjen fan twa nije grutte molen, wêr’t de Beabuorster ien fan is.

No wie sa’n bestjoer der ridlik gau, mar de oprjochting fan it wetterskip, dat foel noch net sa folle ta. By hichte-mjittingen (doe noch sûnder laser) die wol bliken, dat men te meitsjen krige mei ferskate wetterhichten (peilen), dy’t faak wol mear as in meter útelkoar rûnen. En alle boeren wiene der no ek dalik net fan op ‘e rin, sa’n nij wetterskip. Dy’t op heech lân wennen, woe’t mar min oan dat se likefolle betelje moasten as de boeren yn ‘e lichte, harren wetter rûn ommers sa wol fuort. No bart dat yn 1982 ek noch wolris dat de foarsitter fan it ,,Marnelân” in boer der op wize moat, dat der op it hege lân likefolle reinwetter falt as op it lege lân. Dan wiene der de hierboeren, dy’t de mole oernommen hiene en nei elke stoarm mei hammer en spikers de boel wer oplaapje moasten. Dizze minsken seine: Ik it wetterskip mar komme as de lâneigener de lesten mar betellet. Mar de nije foarsitter Reinder Hanzes Zijsling, koe syn broer Djurre Hanzes mar min oan it ferstân bringe, dat syn sa goed as nije mole foar net mear as f 1.500,- troch it wetterskip oernomd wurde koe. Dêrby rekke hy it mealjild fan in pear buorlju sûnder mole ek noch kwyt. Mar lang om lêst waarden we it der dochs allegearre mei iens en kaam de oprjochting fan it wetterskip ,,Exmorra c.a.” der troch. Mei it ynstjoeren fan allerhande plannen en fersiken nei Deputearre Steaten hinne en wer, hie dit duorre fan febrewaris 1879 oan’t Jannewaris 1882. As ,,secretaris-ontvanger” waard beneamd Hoite Posthuma, haad fan ‘e skoalle te Exmoarra. Dy hie, sa’t skynt tiid oer. Wol frjemd dat de man in boargsom stoarte moast fan f1.500,-, ,,om het waterschap van schade te vrijwaren”. As hy der dus al mei de kas útnaaie woe, moast hy der om tinke, dat der altyd mear’ as f1.500,- ynsiet. De earste begrutting, dy’t it nije bestjoer makke, stie as yn de boeken:
Leggen van dijken en damen f 5.000,-
bouwen van twee molens met huizen f 12.000,-
pompen en keeringen f1.200,-
overname 9 oudemolens f5000,-
terug van afbraak oude molens f 1200,-
totaal    f22.000,-
rente en aflossing hiervan en beloning molenaar f 2.600,- per jaar.
Wordt omslag waterschapslasten f 1,50 per pondemaat.

De secr. fan it Marnelin hat de komma al justjes oars stean. Doe’t it oan it molebouwen te wie, waard der earst noch iggewearre oer in stoomgemaal. Mar by brek oan kundige minsken foar de betsjinning hjirfoar seach it bestjoer neat yn dizze nijljochterij. Ek waard der noch in reis makke nei Peize yn Grins wêr’t in brûkte mole te keap wie. Twa bestjoersleden ferklearren it folgjende yn in fergadering:

,,Nadat wy ons ten 12 ure met het spoor in Oostelijke richtting hadden begeven kwamen wij te Vierverlaten, de landstreek waarin de molen zich bevond” ensf. ‘Van de totalen ongeschiktheid dezer machinerie waren wij zeer spoedig overtuigd”

De earstfolgjende fergadering waard dérom besluten ynskriuwe te litten foar it bouwen fan twa nijs molens mei wenningen, ien yn Exmoarre en ien op Beabuorren. Om no mar by de Beabuorster mole te bliuwen, de ynskriuwing hjirfoar moast foar 19 april 1892 binnen wêze. Fan de 8 ynskriuwers wie Gerben van Wieren út Janum (Dantumadiel) de leechste mei f 7,850,- en krige sadwaande opdracht de mole te bouwen. Der waard earst noch praat oer it bouwen fan de wenning yn de mole, dit om bouwkosten te besparjen en in hûs neist de mole joech altyd lijte, wat it meallen nèt ten goede kaam.

NR384.jpg

 

 

 

 

 

Mar dochs wiene hjir ek wer grutte beswieren oan ferbûn. Men koe fan in mole sa goed as gjin reinwetter (doe ûnmisber) opheine, lyk as fan in hûs. Dérby waard it brângefaar yn in bewenne mole folIe grutter, om’t it meitsjen fan in skoarstien altyd problemen joech. En it soe mar barre, dat de moleman oan it nachtmeallen wie en de molefrou ek efkes út bêd moast, dan koe se har nachthimd mar goed yn ‘e gaten hâlde by al dy draaiende rêden. Nee, in hûs der los by, wie foar alles it bêste, dy lijte dat soe wol wat tafalle. Dit hûs waard oannomd foar de priis fan f 1.000,-. Dat is oars wat as in premie A wenning mei gemeentegarânsje.

De mole, sa as dy bout wurde moast, waard fan it type muonts (monnikmolen), in achtkantige boppekruier De achtkante ûnderbou moast mei lei beklaaid wurde, wylst de kap in sinkbedekking krige. De flucht fan de mole moast 20 meter wurde. Boppe yn’e kap kaam in houten kamrêd liuiéü~iir oan de twa roeden (fjouwer -wiken) sitte. Op dizze as kaam in houten as te lizzen, wer oan de twa roeden (fjouwer wiken) sitte. Op dizze as kaam in houten kamrêd, dat in oar op in steande as (standert) oandriuwt; alle rêden yn ‘e mole binne fan iperenhout, de tosken of kammen fan azynhout. Ûnder yn de mole sit op dizze steande as wer in réd, dy’t op syn beurt de moleskroef oan it draaien makket. Dizze moleskroef of fizel (in fynst fan Archimedes) hat trije omgongen en kaam sa nauslutend mooglik te draaien yn in heal rûn opmitsele skroefbak. De oerbringings ferhâlding waard sa makke, dat as de mole boppe yn ien kear rûn west hat, de moleskroef dit krapoan twa kear docht. Troch it skeane lizzen fan de moleskroef kin it wetter sa út de lânfearten wei, sa’n goed meter omheech brocht wurde yn de Beabuorster opfeart. Troch dizze opfeart moast it dan nei de gruttere fearten te. No woe it âlde ferhaal, dat as de moleskroef ien kear rûnwest hie, der dan 80 amerfol wetter útmeald hie. Dizze 80 x 20 liter of 1,6 m³ komt aardich oerien mei de tsjinwurdige moleman Koopmans syn berekkening. Koopmans seit, as yn ‘e hjerst it lân en de fearten fol wetten sitte en der falt dan neffens myn ,,regenmeter” 100 mm wetter, dan betsjut dit, dat ik 12 oeren mealle moat om dat der wer út te krijen. No bemealt de mole 400 ha lân, as der 10 mm wetter op falt, wurdt dat 40.000 m’. As de mole fatsoenlik op gong is, giet der yn 4 sec. ien kear rûn en de skroef soe dan dus 2 x 1,6 of 3,2 m8 wetter útmealle yn 4 sec. Yn in oere wurdt dit 2.880 m³, sadat der rom 13 oeren nedich binne om de 40.000 m³ wetter te fermeallen.

Sa’n mole moast fansels op in bepaalde hichte yn it lân bout wurde. Hy moast it wetter yn de lânfearten fatsoenlik rikke kinne, mar moast it wetter ek wer goed yn de opfeart (boezem) kwyt kinne. It hiem fan de mole kaam 1.30 m boppe SP (fries simmerpeil) te lizzen. De útloop fan de mole (de Útskoat) wer it wetter útkomt, kaam 50 cm boppe SP te lizzen. Mei hoefolle minsken der oan de mole en it hûs wurke waard, is net mear nei te gean. Mar it wetterskipbestjoer kaam op 30 nov. 1882, in healjier letter dus, om de mole te besjen, dy’t doe klear wie. Ek waard der by dy gelegenheid, sa stiet der beskreaun, 5 gûne beskikber steld ,,voor onthaal van het personeel bij het malen van het eerste water.” Slim dronken kinne se fan dy 5 gûne noait wurden wêze.

Doe’t ik lykwols oan it beteljen fan de mole te wie, koe it bestjoer it net alhiel iens wurde mei de molemakker van Wieren. Om de lêste 300 gûne rekke it hiele spul, bestjoer en molemakker, ûnder lieding fan ,,deurwaarder” v.d. Schoot, nei ,,het Gerechtsgebouw” yn Ljouwert, wer it fierder útpraat waard. Lit der dan oan de bedragen in protte feroare wêze, as it om de lêste pear sinten giet, binne lyk as tsjinwurdich ,,geloof, hoop en liefde” meastal op ‘e tippel. Mar de Beabuorster mole koe begjinne oan syn wurk, dat er oernaam fan de 9 boeremolen, dy’t ôfbrutsen waarden.

Mei it bouwen fan sa’n grutte mole kaam tagelyk in nij berop oan de oarder, dat fan moleman. Hoewol der genôch minsken wiene, dy’t mei in boeremole omgean koene, sa’n grutten kaam wat mear oan te pas. Foaral wat it waar en it skôgjen fan de loft oangie, benammen nachts, krige sa’n man hiel wat op ‘e noed. Der waard yn in fergadering  rygje fan 23 artikels gearstald, dy’t men ,,de instrucotie voor de molenaar” neamde. Artikel 1 seit, dat as de mole ,,oer de kop” fleach, de moleman dan ûntslach krige ,,wegens verregaande achteloosheid.”Oer de kop woe sizze: as in mole mei in ûnferwachte wynpûst safolle gang krige, dat er mei de fang (rem) net mear te hâlden wie. De fang is in houten rembân, dy’t troch in gewicht om in rêd knypt en wurdt betsjinne troch de lange peal mei ketting dy’t efter ik de mole stekt. Fierder binne der artikels, wêr’t yn stiet, dat de moleman ferplicht is by bepaalde wetterhichten te meallen deis en as dat nedich is ek nachts. Alhoewol by nachtmeallen it bestjoer foar help soargje moat om’t foar ien man oars net te dwaan wêze soe. De moleman mei, as de mole draait, net op bêd gean, en mei de molepôle ek net ferlitte. Fierder as de mole lang stil stiet, moat hy nei it westen te stean en ôfwikseljend op in oare roede set wurde. By winter moat de skroef sa lang mooglik loshâlden wurde en mocht der dochs fêst frieze, dan moat der mei de grutste foarsichtigens wer losmakke wurde. Oan’t safier inkelde punten út dizze 23 artikels.

Tsjinoer al dizze ferplichtingen stie dan in ,,jierwedde” fan 90 gûne en frij wenjen. (It heart wol net folle, mar jo hiene der yn dy tiid grif in kleuretelevyzje foar keapje kinnen, allinne se wiene der net). It wie no bepaald net in lean om by de doarren op te fleanen, mar dochs wiene der 16 minsken dy’t der wol gading nei makken.

Ut dizze 16 waard T. Wiersma beneamd. Sa’n man mocht net fêst by in boer besteld wêze, wat syn lean faaks net te goede kaant. Dat de tiid doe efterút gong, blyk wol út it mealjild, dat yn 1886 foar de boer ferlege waard fan 6 nei 5 gûne de HA. En de moleman syn lean sakke fan 90 nei 75 gûne. De man gong der dus yn ,,koopkracht” 16,7% op efterút. Dit hie in moai sjoutsje foar Wim Kok west. Mar der waard doe net oer praat, der wie oars net, ja, 15 sollisitanten dy’t it spitich fûnen, dat se it net krigen hiene. Boppedat wie in arbeider dy’t op ‘e mole kaam suver wat in ,,Rolls Royce” ûnder syn kollega’s. Ien ding hiene dizze minsken foar: se prizen harsels net út ‘e merk en se wiene der goed fan oertsjûge, dat der in grut ferskil wie tusken: ,,wêr’t jo mei takinne” en ,,wat jo net opkinne.”

In 1888 waard moleman Wiersma opfolge troch P. Talsma, dy’t fuort in salaris ferheging krige fan 10 gûne, mei de betinkst, dat op fersyk fan in pear yngelannen de mole net wer op snein draaie mocht. Foar jild wie doe dus ek alles al te keap. De man tocht fansels: as it op snein reint, mei ik op snein ek wol mealle, en wat ik sneins útmeal hoech ik deis net foar te fersomjen.

Yn 1904 waard de mole op’e nij ferve troch Schuil fan Tsjerkwert; it koste mei it hûs derby f 88,60. Yn dat jier waard moleman Talsma opfolge troch Douma. Die wie fan koarte djoer, want yn 1907 waard út 33 sollisitanten E. Bijlsma as moleman beneamd. Om’t ferbean wie om bisten op in molepôle, hie de moleman fan de Exmoarster mole berjocht hân dat er net mear bargemeste mocht yn ‘e mole. Sa krige Eade Bijlsma berjocht, dat er syn mollehûn fuort dwaan moast, mar Bijlsma woe Beike net misse. No. . . it hûntsje hat it witten: by in moaie sudewyn kaam er foar in roede en saaide oer de opfeart en belâne sûnder ,,thermiek” op ‘e polderdyk (total loss).

Yn 1913 waard de Exmoarre mole troch de wearljocht rekke, baarnde ôf en waard ferfongen troch in wynmetor (windmoter). Yn 1916 krige moleman Bylsma 35 gûne leansferheging, mar der waard by sein, dat er him net wêr fêst by de boer bestelle mocht. Foar boer en moleman wie it wolris in toer om it altyd iens te bliuwen. As it drok wie op ‘e buorkerij, hie de boer mar leafst as de moleman der wie, as stie it wetter ek yn ‘e greppel. Mar as der net folle wurk wie, sei sa’n boer fakentiids: jo moasten hjoed mar mealle; al leine de fearten ek droech. Dochs bliuwde Bylsma oant 1926 ta moleman en hâlde it sadwaande it langste út. Moleman- Louwsma, dy’t him opfolge yn 1927, bliuwde mar foar in jier. Sa ek waard J. Hibma, dy’t hjir neikaam, yn 1929 opfolge troch L. Minnema.

Doe’t yn 1929 timmerman R. Posthumus (Rienkbaas) sei, dat der wol foar 2000 gûne ûnkosten oan de mole kaam, soe er wat bedriuwsseker bliuwe, kaam it bestaan fan ús mole in gevaast. Der waard praat oer in wynmotor en oer ir grut elektrysk gemaal en dan yn Exmoarre. Mar Exmoarre wie doe noch net elektrysk oansluten en dat joech de trochslach dat de mole wêr opknapt waard. In stichting ,,Hollandse molen” wie der noch net, dus, as sa’n bestjoer dat woe koene se de’hiele mole samar ôfbrekke litte.

Yn 1930 krige timmerman Wynia, dy’t Rienkbaas syn saak oernommen hie, oarder om de houten as boppe yn ‘e mole te ferfangen troch in izeren ien. Gjin lyts kerwei: in as fan 4000 kg en dan sûnder Pax-kraan! It ferhaal wie: doe’t baas Wynia de as mei alle mooglike bokken-en takels hast op hichte hie, briek er in sking yn in ton. Der waard stimd: trochlûke as sakje. -De measten seine troch lûke en it kaam goed.
Yn 1934 waard Sj. Dykstra as moleman beneamd. Sa waard yn 1938 de mole fersjoen fan elektrysk ljocht. De oanlis fan it hûs koste f 84,60 en dat fan de mole f 30,-, dan ek noch mei in gang fan Klaas Schukken.

Doe’t yn 1940 ús lân beset gebiet waard, kaam der in skriuwen fan de ,,Rijkscommissaris voor bezet gebied”, dat moolders frij wiene fan ,,tewerkstelling” yn Dûtsklân. Ek dat it ferbean wie foar in wetterskip om joaden yn tsjinst te hawwen. -Yn 1942 waard Sj. Dykstra opfolge troch A. Draaijer as moleman.

Al hoe’n ûntigelik soad der yn de notuleboeken stiet, der wiene altyd ferhalen, benammen yn ‘e oarlochstiid, dy’t der net yn foar kamen. Sa ek it folgjende: Troch in krap distribúsjesysteem hie de besetter it stikje fleis yn ‘e panne ferhipte lyts makke. Der waarden sadwaande op in bulte plakken stikem bisten slachte. De Beabuorster mole wie ek sa’n plak. De fette kij, dy’t deis yn it bûthûs op Beabuorren brocht waarden, makken dan jûns by tsjuster harren lêste loop nei de mole. De slachter, mei help fan de moleman, hie dan it bist al ridlik gau boppe de útskoatbak hingjen. En as de mole dan knap draaide, kaam alles, wat der tefolle oan in ko sit as it om opiten giet, yn ‘e opfeart telâne en gyng sa op nei de Makkumer feart, teminsten as it omskot fan ,,frou bolle” net hjir as dêr de hoarnen yn ‘e wâl sette en it hiele spul yn ‘e reiden hingjen bleau. Tidens al dit barren hie skriuwer dezes de opdracht om yn it poer tsjuster de heale nacht efter de mole te stean om de buoien yn ‘e gaten te hâlden, mei- en sûnder hakenkrûs. Mar och, as je twa jier as ûnderdûker noait fan ‘t hiem west hiene, wiene jo der doch ris efkes út. As dan nachts om sa’n trije oere in âld mantsje de opfeart delkaam mei in pream fol pún (doe koene jo de opfeart noch farre), waard alles fan ,,haas tot ossestaart” ûnder it pún bedobbe. It earste wat dit mantsje frege waard wie hast ek wat sjoen ûnderweis?” As er sei fan: ,gjin kop,” wie it moai wis, dat alle ôffal yn ‘e Makkumer-feart wie en gjin ,,edelweissjonger” útmeitsje koe wêr it weikaam.

NR386.jpg
Wiebe Koopmans.

It iene goede fear ús mole yn dizze minne tiid wie, dat de mole yn 1942 by gemeentelike beslissing op ‘e monumintelist kaam. Yn ‘e hjerst fan 1945 briek in roede fan de mole yn. twaën; lokkich gjjn persoanlike ûngelokken.  It wie net mooglik om yn dy tiid in houten balke fan 20 meter hjir foar te finen; Om’t yn ‘e oarloch alle hikken en stekken foar  brân hout fan de polderdiken ôfhelle wiene, stie it wetterskip foar hege ûnkosten. A. v.d. Berg, dy’t A. Draaijer yn 1946 as moleman opfolge, hat oant 1948 ta mei ien roede meald. Doe’t út priisopjefte fan Hubert, Snits bliken die, dat in izeren roede 4000 gûne kostje moast, waard al wêr praat oer bûtenwurking setten fan de mole en it bouwen fan in elektrysk gemaal. Pas doe’t de subsydzje loskamen fan Gem. Wûnseradjel (riedsgearkomste 2 sept. 1958), fan Dep. Steaten en fan de Steatsiktaris foar âldheidkunde,  koe men sizze dat de Beabuorster mole foar ôfbraak behâden wie.Yn 1963 waard troch boubedriuw van Zuiden fan Tsjerkwert in nije izeren skroef en skroefbak oanbrocht en it jier dêrop in twadde izeren roede. Sa waard yn 1966 W. Koopmans as moleman beneamd út 5 sollisitanten en docht dit oant nota noch. ,,Koopmans bemealt en beheert het geheel met veel vakmanschap”, sa stiet it yn it Fries Molenboek.

Yn 1976 kaam it ta in, reorganisatie  fan wetterskippen. Doel wie de 300 wetter skippen en in noch grutter oantal polders yn Fryslân te konsertearjen ta 11 grutte wetterskippen. Ut 36 wetterskippen, wêr fan ,,Exmorra c.a?’ ien wie, ûntstie sa it Marnelân.” Op 1 maart 1976 kamen bestjoer en ingelannen fan it wetterskip Exmoarre foar it lêst yn fergadering en alles wat oan ,,Exmorra c.a.” hearde, gyng oer nei it ,,Mannelân”; sa ek de Beabuorster mole. Krapoan 100 jier hiene ferskate bestjoersleden yn it wetterskip Exmoarre sitting hân en mei har yngelannen alle belangen fan wetterbebearsing, in goed mooglik behertige. Faaks by ,,gratis” slokje, in sigaar en-in gesellich praatsje, wiene de problemen oplost.

Molen Baburen
Molen Baburen.

Mar it begûn der mear en mear op te lykjen, dat it wetter yn Fryslân mear, en in oar omtinken krige dan yn it ferline. Soargen foar û.o. ,,recreatie en milieu” fregen gruttere ienheden, wêr’t faaks mear bestjoerskrêft fan útgong. Man de mole draaide troch, no foar in omr baas. Hoefolle m³ wetter as der fermeald hat yn de 100 jier, is min te sizzen. Sa’n 700 meter fan him ôf stiet Jehannes Dykstra syn wyngenerator, in bewiis foar ús mole, dat er twa tiidperken fan ,,windenergie” oan elkoar meald hat. En as op 30 nov. 1982 de hûndert jier fol is, sil der yn ,,vreugdestand” stean.Gjin fijân lykas ûnwaar en stoarm wiene him te grut yn dizze 100 jier. Mar ienris sil syn grutste fijân komme: de djipsûntwettering fan Wûnseradiel-sûd. As it wetterpeil dan 1.20 m sakket, sille skroef en skroefbak it wetten net mear rikke kinne. Dan sil er faaks nochris yn ‘e rau stean en dan rést ús mole allinne noch om opnommen te wurden yn in ,,museum-route” om dan neifertelle te kinnen oer it ferline.

Pier Zijsling

LAAT EEN REACTIE ACHTER