Beabuorstermole open 14 september op Monumentendag

0
104

Op zaterdag 14 september is de Beabuorstermole tot 16.00 uur open op Monumentendag. Eenieder die dat wil is van harte welkom.

De Beabuorstermûne is in poldermûne fan it type muonts by Tsjerkwert yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De mûne stiet oan de Beabuorren, in streek mei in tal pleatsen bewesten Tsjerkwert.

Skiednis

Yn it lêste fearn fan de 19e iuw waarden partikuliere wetterskippen gearfoege ta it Wetterskip Eksmoarre. De eardere mûntsjes dy’t de ferskate polders bemeallen waarden yn 1882 ferfongen troch twa like grutte mûnen, in mûne oan de Eksmoarrefeart en de Beabuorstermûne. De mûne oan de Eksmoarrefeart waard yn 1913 troch de bliksem troffen en baarnde ôf.

De troch mûnebouwer Gerben van Wierum út Jannum boude Beabuorstemûne bleau nei de bou fan in nij gemaal noch oant 1990 yn gebrûk. Yn de simmer fan 2014 hat in grutte renovaasje fan de mûne plakfûn.

Beskriuwing

De achtkante Beabuorstermûne is in foarse muonts op mitsele fjildmuorren mei in flecht fan 20 meter. Yn de muorre fan de mûne sit ek in tinkstien dy’t de stifting fan it Wetterskip Eksmoarre yn 1882 betinkt. It achtkant is dutsen mei laaipannen, wylst de houten kape mei sink ôfdutsen is. Tsjintwurdich bemealt de Beabuorstermûne de 320 ha grutte polder fan it eardere wetterskip Eksmoarre op frijwillige basis. De mûne moat ek by slimme wetteroerlêst de polder droech hâlde.

By de mûne stiet in mûnderswente dy’t brûkt wurdt as eksposysjeromte. Eigener is de Stifting De Fryske Mole.

LAAT EEN REACTIE ACHTER