Beabuorstermûne

0
460
NR385
NR384 Beabuorstermûne
Beabuorstermûne, op de foto Sytze de Bruin, Murkje Douma, Tekla Boersma, Freunskje Boersma, en Robert Oosterbaan uit Bolsward.

Molenaars:

  • Thomas Wiersma en Gerlofke de Boer 1882-1888.
  • Pieter Tolsma en Jetsche de Vries 1888-1904.
  • Douma 1904-1907.
  • Eade Bijlsma en Elisabeth Velzen 1907-1926 (zie de balade onderaan op deze pagina).
  • Willem Louwsma 1927-1928.
  • J. Hibma 1928-1929.
  • L. Minnema 1929-1934.
  • Sjoerd Dijkstra en Harmke Dijkstra 1934-1942.
  • Ate Draaier en Anna Gietema 1942-1946.
  • Albert v/d Berg en Jantje Nijholt 1946-1966.
  • Wiebe Koopmans en Hielkje Jorritsma 1966-1984.
  • Pier Zijsling 1984-
NR386 En dit is Molenaar Wiebe Koopmans
En dit is Molenaar Wiebe Koopmans.
NR391
Een foto uit de Bolswarder courant. “Pietsjepôlle “en de Babuurster Molen.
Baburen molen.1
Rond 1990 (foto G.Mulder).
baburen molen
Rond 1990 (foto G.Mulder).

1e steen en opening Babuurstermolen
Geschreven door Klaas Kuiper op 2011-11-20

Eerste steen Babuurstermolen. Mijn overgrootvader was voorzitter waterschapsbestuur toen de molen werd gebouwd, hij had de initialen D.H (Djurre Hans). Tijdens de openingsreceptie van de molen werd er rijkelijk jenever geschonken, deze kostte toen 2,5 cent per borrel.
Een aantal gasten raakte bezopen, het dorp sprak er schande van. (informatie familie)

Groetend,

Klaas Kuiper

BALLADE FAN IT MUNERSHUNTSJE

“Weleedle heren van het waterschap,”
skreau er; wolwittend ‘t lean wie hast te krap,
mar ‘t aventoer hie hiel syn libben dreaun,
dêrom hie er it brief yn drystens skreaun.

Út trijeentritich waard er doe beneamd.
As bern al hie er fan in mûne dreamd
en grutsk rûn er oer de smelle planke,
mei ‘t wiif, twa jonges en sa’n foech fanke.

De Beabuorster seach er machtich foar him stean
en wist: him betwinge is myn grutste lean.
Mei leafde beëage er de roeden.
en taaste nei de fang; soarchsum en hoeden.

Sa ‘s Eade Bijlsma as mûner begûn
en oeral dêr ‘t er wie, wie ek syn hûn.
It trouwe bist folge hjm as in skaad.
Eade beskôge ‘m as syn bêste maat,

Yn liddige en wynstille riten
beskrepte Eade Tsjerkwerter kriten.
Bijke koe molje as gjin oarenien
en ‘t oerlêst fan dy bisten wie ‘t mei dien.

Yn wiete en wynderige nachten,
wekken yn it mûnehûs twa wachten.
It dierke sa skerp wol as baas Eade,
joech dalik lûd as de wyn him kearde.

“Do bist myn each, myn ear en myn gefoel,
hie ‘k dy net, ‘t wie in ferlegene boel.”
Beide rûnen se it kalde tsjuster yn
en Eade twong de mûne yn ‘e wyn..

Sa wien’ se wol bast in ûnskiedber pear,
mar tige hommels kaam dêryn in kear.
It wetterskip brocht mei it mûnerslean
de tiding: Hûnen hjir is strang ferbean.

De Eksmoarster mûner hie it bedoarn,
hy sette bargen yn t mûne oan.
‘t Bestjoer berôp him op in âlde wet
‘t wie: bisten meie op ‘e pôle net.

Baas Eade wie al hielendal oerstjoer
en raasde :”Dit dwaan komt my alte djoer,
mar tink net dat ik Bijke hjirom slyt,
al reitsje ik de mûne derom kwyt.”

Dy jûnes liet ‘t hûntsje syn iten stean
en twong syn baas der mei him ût te gean.
Bûten joech er ‘m del nêst de mûne ier
en mâlgûlde: It lûd klonk skel en fier.

Dy nachts helle it oan: in súde wyn.
Eade murk it net: hy slomme soarchlik yn.
Ynienen hood Bijke syn gûlen op.
Eade skrille: de mûne oer de kop ?

Syn krêft en kriich sette er op ‘e fang,
sa krige er de mûne yn betwang
“0, hûn, do hast myn wurk en mûne ret,
sûnder dy soe ‘k witte: ik wie te let.”

Moarns fûn er Bijke op ‘e polderdyk.
Slim tramtearre en slingere oer de wyk.
‘t bist wie foar oerdwealske wjokken kommen
dy hiene hint libben en baas ûntnommen.

De mûne hat in dei yn roustân stien.
Eades leafde foar ‘t meallen dy wie dien.
Mei ‘t hûntsje wiene nocht en wille stoarn.
De Beabuorster draaide skraal fierdersoan.

LAAT EEN REACTIE ACHTER